16 july 2025
Weidumers steane der net om bekend dat se it paad nei tsjerke maklik fine kinne. Mar op freed 20 juny sieten de tsjerkebanken ál fol. Mei reden: de weriepening fan ‘e tsjerke nei in grutte restauraasje.
Mei in ryk programma waard ûnderstreke hoe ’t iuwenâlde stiennen noch altyd ta libben brocht wurde kinne. Mei muzyk fansels. Rjocht nei it hert. Brocht troch muzikanten út eigen doarp: de Harmonie, Sjongerij Weidum, Inez Timmer. Oargelist Jelle Dijkstra út Snits liet it oargel sjonge, yn in duet mei Sepkje Tamminga op bugel.
Tige tank oan de Pleatslike Kommisje (Eelke, Lucy, Franci en Klaes) foar dizze treflik organisearre jûn.
En foar al jim krewearjen by de restauraasje!
Katja Westra