D’UM

Muzykdei! 2019

27 oktober 2019

Wizige op 26-11-2019, 11:28:43

Muzykdei! 2019

Sneon 26 oktober organisearre muzykferiening Harmonie Weidum e.o. har 3de Muzykdei; in dei grôtfol muzykworkshops foar bern.

Nei eardere edysjes, waard der dit jier ynsetten op mear dielnimmers; it wie oant yn de lêste wike spannend oft dit ek slagje soe. Ta grutte bliidskip fan de oanbelangjende kommisje diene der leafst 40 bern mei oan de Muzykdei. By binnenkomst waarden de jongeren ferdield yn groepen; mei elts in eigen startpunt.
Groep blau mocht begjinne by Sytze Pruiksma dy’t in hiel grut ferskaat oan ynstruminten meinaam hie. Sytze liet alle ynstruminten oan de bern hearre en draaide doe in Tom & Jerry film..?
Sytze hie in alderaardichste workshop filmmuzyk-meitsjen op it programma stean, mei ús allen makken we de ‘stomme’ Tom & Jerry film kompleet. Doe’t de sirene klonk, draafde team blau nei Ria en Sepkje dy’t in hiel stel gloednije keunststof Tromba trompetten (mei tank oan Van der Glas) klearlizzen hie. Op de mondstukken diene wy race-auto’s nei, hiene we in wedstrydsje lang-blazen en koe der meispile wurde mei James Brown’s I Feel Good. Superleuk om te sjen hoe’t bern it musisearjen oppakke; fol faazje en lekker entûsjast.

Yn it skoft waard de toarst lest mei glêzen limonade en oerstallige enerzjy draafden we derút wylst we in rûntsje om it doarpshûs hurdrûnen ; )

Mei it swit op ‘e holle socht team blau it paad nei it jeugdhonk, dêr’t Johannes klearstie mei in hiele foarrie djembé’s en Afrikaanse trommels. Guon dielnimmers sloegen selsstannich hiele ritmes, wylst oaren it best lestich fûnen om beide hannen tagelyk wat oars dwaan te litten. Nei de trommelsesje yn it honk, gie it team nei de boppeseal. Dêr stiene Feikje en Beitske te wachtsjen mei in leuke kwis; somtiden súpermaklik, dan wer útdaagjend en soms hiel yngewikkeld. Mei de enerzjy dy’t bern soms hawwe kinne, wie it noch net dien. Dat team blau gie op in drafke nei de boarterstún, dêr koe der eefkes lekker stoeit wurde en waarden skommel en wipwap testen. Boppedat fûnen de jonges fan team blau it hiel aardich om de skeane kanten fan de terp bydel te rôljen. Mei in lêste ‘sirene’ giene we in soartefan skoft yn; yn it jeugdhonk waard in (fansels bypassende) film draaid. Dêr koe elts eefkes chille, foar’t de patat op tafel setten waard.

It rûn tsjin sânen doe’t nijsgjirrige âlders en taskôgers binnenkamen, se waarden yn in fraai oanklaaide en moai útljochte grutte seal wolkom hjitten en koene op harren gemak genietsje fan de workshops en 4 mini-konserten; it B-orkest, de jeugdmalletband, de malletband en de fanfare lieten harren, njonken in presentaasje fan alle workshops, hearre.

Muzykdei! 2019 wie in tige slagge dei, elts gie mei in laits op it gesicht nei hûs en de dielnimmers allegearre ek noch mei in ferras-tas ûnder de earm.

Dielnimmers, âlders, jeugdleden, leden, Sytze, Johannes, Ria, Sepkje, frijwilligers & kommisje; tige tank en hiel graach oant sjen!

 

Muzykdei! 2019 waard mei mooglik makke troch Doarpshûs Weidum, Van der Glas  -speciaalzaak voor Blaas- en Slaginstrumenten- en gemeente Ljouwert.