D’UM

Muzykles Gearhing - It Pertoer

11 desimber 2019

Wizige op 11-12-2019, 16:29:03

Muzykles Gearhing - It Pertoer
De gemeentlike weryndieling fan 2018 hie hjir en dêr syn gefolgen; Littenseradiel foel útelkoar, doarpen waarden in oare gemeente tabedielt en krigen te meitsjen mei oar of nij belied. De weryndieling rekke net inkeld it ferieningslibben en de mienskip op de oanbelangjende doarpen, ien en oar hie ek, sij it minder sichtber, gefolgen foar basisskoallen yn de Greidhoeke.

“Jierrenlang fersoarge Ritmyk, it sintrum foar muzyk-, keunst en kultuerûnderwiis, de muzyklessen yn dizze hoeke. Learlingen krigen fia dit sintrum muzykles fan in fakdosint, nei de gemeentlike weryndieling ferfoel dit spitigernôch,” ljochtet Arnold Oosterdijk, direkteur Onderwijsteam Noord, ta. It bestjoer fan muzykferiening Harmonie Weidum e.o. hearde dit, skrabe har ris achter de earen en besleat kontakt te sykjen mei it oanbelangjende ûnderwiisteam, doe onderwijsteam 4: “In moai inisjatyf, fûnen wy. Sa as gewoan binnen Gearhing, waarden de teams frege nei har miening en winsken. De reaksjes wiene allegearre hiel posityf, wat makke dat we fierder prate koene oer it hoe en wat,” seit Oosterdijk.
Wat folge wie in trajekt fan nije stappen; hoe pakke je soks oan, wêr helje je de financiering wei, hokker fakdosint springt mei it djippe yn?
“We hawwe it oer strukturiele muzykles foar leafst 316 bern: Alle bern yn de groepen 1 oant en mei 8 fan de basisskoallen It Pertoer Weidum, De Pikeloer Wiuwert, Dûbelspan Boazum, De Fôlefinne Easterwierrum en De Gielguorde Mantgum, dat is noch wol in puzeltsje,” seit Janneke de Boer, foarsitter Harmonie Weidum e.o.
KEK2, foar de boarging fan kultuerûnderwiis, seach de plannen fan Gearhing OT-Noord en de muzykferiening wol sitten. Marieke Andela, meimakker by KEK2:  “Met een koppeling naar een teach-the-teacher insteek, zagen wij deze plannen wel zitten. Het doel vanuit de gedane KEK2 aanvraag is leerkrachten enthousiasmeren en bekwamen om muziek zodanig toe te passen in het lesprogramma dat dit een vanzelfsprekendheid en blijvend geïntegreerd onderdeel wordt op de vijf scholen.”
Doe’t de plannen en de financieringsmooglikheden konkreter waarden, socht Harmonie Weidum kontakt mei de foarsitter fan de Easterwierrumer fanfare Ons Ideaal: “We waarden op ‘e hichte brocht fan de ferrassende plannen; geweldich! Soks is foar muzykferienings as de uze in dream, wannear krije je dat no foar elkoar? Wy binne tige ynnommen mei de op skoalle yntegrearre muzyklessen en wolle ien en oar ek graach ûndersteune,” seit Ate Haagsma.
Alle partijen binne it roerend iens dat kultuerûnderwiis fan belang is by it ûntwikkeljen fan, yn harren eagen, ûnmisber 21ste iuwse feardigens: Kommunisearje, kreatyf en probleemoplossend tinke en hannelje, gearwurkje en selsregulearring. “Kultuerûnderwiis is ûnmisber. Tegearre mei fakdosint Amber Dragtsma soargje wy der mei ús allen foar dat de learlingen yn Wiuwert, Boazum, Easterwierrum, Mantgum en Weidum breed, oantreklik én oansteklik profesjoniel muzykûnderwiis krije, in boppeslach,” slút De Boer ôf.