D’UM

New Orleans

20 april 2014

Wizige op 28-11-2019, 13:45:54

New Orleans

Op reis nei New Orleans Op freed 1 novimber 2013 gie de telefoan. Ik hie yn it doarpshûs oan it repetearjen west foar it Binnenloftspul. Oft ik meidwaan woe oan it 48-oeren filmprojekt yn Ljouwert wie de fraach. In 48-oeren projekt hâldt yn dat je alles yn 48 oeren dwaan moatte. Fan it skript oant en mei de einmontaazje. Je krije in pear eleminten mei, yn ús gefal wie dat it sjenre Vacation/Holiday; fêst karakter wie Fred Buwalda, in earmkedrukker. We hiene in ferplichte sin: ‘Snel verstop je onder het buro’, en der moast ek noch in hântas yn. Ik stie al op de list mei akteurs mar der moat mar krekt in rol wêze dy’t by dy past. Sneontemoarn om 6.30 oere krige ik it skript en om 7.30 oere moast ik yn it Stenden University Hotel yn Ljouwert wêze. Dêr moete ik de rest fan de ‘crew’ en Meriyem Manders, myn frou yn de film. We hawwe de hiele dei oan it filmjen west en jûns noch efkes iten mei ús allen. Doe wie it de beurt oan de regisseur en editor om de film te meitsjen. Dat is slagge…. en hoe! We krigen neist sân nominaasjes en trije prizen de moaiste priis fan alles…’ de bêste film’. Dy lêste priis hâldt yn dat de film draaid wurdt op it ynternasjonale 48-oeren filmfestival yn New Orleans. (Filmapalooza) Ik bin mei Linze Valk en Ismaël Lotz nei New Orleans ta gien. Wat in geweldich aventoer wie dat. We hawwe in protte fan de stêd sjoen en in protte minsken moete dy’t deselde ôfwiking as ús hawwe: Filmkes meitsje. Jûns yn de hotelkeamer socht ik bylden op fan Katrina, de orkaan dy’t New Orleans ferwoeste hat. Ik kaam yn de fideo’s deselde gebouwen en strjitten tsjin dêr’t wy it leuk hiene. Dat makke wol yndruk, om te sjen wat in ellinde de minsken doe hiene. Der binne in protte saken noch net opknapt en je kinne noch hieltyd de gefolgen sjen. Sa binne we op in dei de stêd útriden om te sjen hoe’t it der fierder útsjocht om New Orleans hinne. Dêr riden we lâns in kompleet ferlitten en fernield pretpark. (Six Flags New Orleans). It is bêst yndrukwekkend om te sjen hoe’t alles dêr noch hieltyd oan de orkaan tinken docht. De huzen yn dat gebiet steane op peallen en ûnder alle huzen leit in boat klear. We hawwe ek mei minsken praten en sein dat se harren gjin soargen hoege te meitsjen om’t wy Nederlanners de wetterkearing dêr no makke hawwe, dus gjin panyk wer. Fierder is de stêd wol hielendal te gek. We wiene foaral yn the French Quarter. Dêr waard ek Mardi Grass fierd, in soarte fan Amerikaans karnaval, te nep en plestik mar wol hiel gesellich. We hawwe dêr in protte kettingen skoard. Dat is hiel normaal dat je kettingen krije en it spul ek wer fuortjouwe. Echt wol hiel bysûnder om mei te meitsjen.

Filmapalooza

Dat is de namme fan it festival. Der waarden sa’n 120 films draaid, allegear winners fan stêden oer de hiele wrâld. Sa’n 1200 minsken wiene dêr út 80 ferskillende lannen. We binne der net fanút gien dat we dêr in priis winne soene. Net dat we ús eigen film net goed fûnen mar der wiene echt prachtige films by. Doe kamen de nominaasjes. YES!! We wiene nominearre, dat wie al genôch… en doe wûnen we ek noch. ‘Helemaal te gek’. Facebook explodearre, allegear reaksjes. Wow wat fet!! Ik moast doe in speech jaan foar in lytse 1000 minsken yn it Joy Theatre. Yn it Ingelsk en sa sûnder tarieding wie it earste dat yn my opkaam. ’This is so fucking cool’. The F word koe wol omdat de presentator fan de jûn (David Costabile) dat ek om ’e sin brûkte. Ik haw myn âlders betanke en Meriyem, fierder koe ik op dat stuit ek net safolle mear betinke. We wiene totaal ferrast. Ik haw Annemiek en myn Broer Remko efkes skille. Dat mocht, seine se. Se wiene noch wat sliepperich, it wie yn Nederlân 3.00 oere yn ’e nacht. Doe’t it allegear trochdrongen wie by harren, krige ik noch app’kes fan Annemiek en Remko. By Annemiek binne de raderkes dêrnei op 300% draaien gien… der moast wat barre….. der moast wat barre…… mar wat….

De Thúskomst.
De thúskomst wie hielendal te gek. Annemiek hie in reade loper dellein fan in meter as 20 mei fan dy Hollywoodpealtsjes by de doar. Remko (myn broer) draaide Hollywood muzyk. In echt ûnthaal foar stjerren. Wat der op de neimiddei en de jûns barde wie echt net normaal. Der kamen allegear freonen en famylje del om in ‘Amerikaans’ feesje te meitsjen. De earste gasten wiene Albert Dirk, Tialde, Fardau en Arjen, se hiene harren eigen bier mei.. (ús bier is altyd op mei jierdei’s). Ik hie doe noch net yn ’e gaten dat it in Amerikaans feestje wurde soe. Wat te gek! En in oer as seis stiene de Foodbrothers (bekend fan it Roekrock request wykein) klear om hotdogs te meitsjen foar elkenien. Ik sei noch ‘Ik betelje wol’… ’Jonge… dat is allang regele’, seine se. En doe’t ik tocht dat ik alles meimakke hie stie it Korps noch op de reade loper foar hûs te spyljen. Dy moasten fansels ek noch eefkes hotdogs hawwe. Om in oere as tsien wie it dien. Ik koe (en kin) it noch net befetsje wat der allegearre bard is. En wat der efterwei komt… ik wit it net… we sjogge it wol. Dit nimme se my net mear ôf. Wat geweldich allegearre!! Elkenien dy’t hjir (stiekem) oan mei wurke hat. Bedankt!! Wybo