D’UM

Nij Dekama - Ferdivedaasje * UPDATE *

22 maart 2020

Wizige op 25-05-2020, 10:16:37

Nij Dekama - Ferdivedaasje * UPDATE *

In opropke freedtemoarn op Omrop Fryslân om, fansels op ôfstân, ferdivedaasje te bringen by bewenners fan ferskate soarchynstellings liet de telefoans yn Weidum read gloeie. So to speak dan, want hjoeddedei giet soks fansels digitaal ; )

Nije foarskriften om it Coronafirus ôf te remjen setten yn Weidum earst de skoalle en dêrnei it sosjale libben op slot en net folle letter kaam it berjocht dat Nij Dekama op oantrún fan de oerheid de doarren ticht die foar famylje, besikers en frijwilligers fan bûten.
Freedtejûn wiene Willy van Assen en Anje Groen de earsten dy’t op eigen inisjatyf de bewenners fan Nij Dekama traktearren op dûns, mei muzyk en boxen, en in choreografie fan Marlien Seinstra. Sneon kaam Sytse Haima op túnbesite mei sang en gitaarspul, ek fersterke want oars hearre de minsken binnen net al te folle. Sytse liet ûnder oare de klassiker Save the last dance for me hearre. De lêste dei fan’t wykein kaam in part fan Harmonie Weidum del, dy’t oan alle siden fan Nij Dekama harren hearre lieten mei ûnder oare de bekende mars Fresena en it Ik ben blij dat ik je niet vergeten ben fan Joost Nuissl út 1975.

Wa’t yn de tún fan Nij Dekama ek graach muzykmeitsje wol, of in oar inisjatyf hat, kin lid wurde fan de spesjale WhatsApp-groep; bewenners en personiel wurde hiel bliid fan dizze inisjativen.