1 jannewaris 2025
Wizige op 05-01-2025, 15:01:32
En dêr wie it jier alwer foarby en starte we 2025!! Allegearre de bêste winsken en alle goeds en sûnens tawinske!!Elts wie wer útnoege foar de nijjierskuier en dernei in gesellich tegearre wêzen yn it doarpshûs. Spitich dat it waar net meiwurke wertroch at we de kuier ôflasse masten! Mar wol gie om 16.00 oere it doarpshûs iepen en rûne de minsken under paraplu's en mei reinjassen oan nei binnen wer at it lekker waarm wie en Sytse Haima ynsongen klear stie. Wat gesellich dat ek de bern mei kamen, dy't harren ek tige fermakke ha. D'r stie in hapke klear foar eltsenien, chips foar de bern en ek de bittergarnituurrondes kamen foarby. Fanôf 17.00 oere sette Sytse yn en koene we dûnsje en heerlik meisjonge! We kinne werom sjen op in gesellige midzje. Mei dank Sytse Haima en de (bar)frywilligers.