D’UM

Nijs fan de Enerzjykoöperaasje hjerst 2021

21 oktober 2021

Wizige op 21-10-2021, 19:47:25

Nijs fan de Enerzjykoöperaasje hjerst 2021

De winter komt der wer oan, dus de kachel moat wer brâne. Der hat de lêste wiken in soad oandacht yn it nijs west oer de gasprizen. Troch it kâlde foarjier en de politike ûntwikkelingen fan de lêste tiid geane de gasprizen rap omheech.
Sûnt 2017 binne de gasprizen mei mear as 30% omheech gongen, mar ús oerheid is dêr ek in wichtige faktor yn: De belesting op gas is yn dat skoft mei mear as 50% omheech gongen.
Des te mear reden om safolle as mooglik is sunich om te gean mei de enerzjykosten.

Griene stroom en gas:
Wa’t lid is fan de enerzjykoöperaasje ûntkomt ek net oan de priisstigingen, mar dan binne jo wol wis dat de priis dy’t jo betelje skerp is. En jo binne wis dat it gas en de stroom dy’t jo brûke 100 % grien is. Wy leverje gjin “sjoemelstroom” en it gas, dat noch wol út de grûn komt, wurdt folsein kompensearre. De winst fan dy levering giet net nei oandielhâlders op de Bahama’s mar wurdt fia de koöperaasje wer yn it doarp bestege om de leefberens te ferbetterjen.  
Wolle jo ek meidwaan mei stroom- en gaslevering fia de lokale koöperaasje? Stjoer dan efkes in mail nei doarpsenerzjyweidum@gmail.com. Dan helpe wy jo fierder.

Sinnepanielen Wielsterdyk:
Sûnt maaie 2019 dogge 20 ynwenners fan Weidum mei yn it opwekken fan stroom troch 220 sinnepanielen op in pikestâl oan de Wielsterdyk. Jo kinne meidwaan troch it oanskaffen fan sertifikaten. Elk sertifikaat jout jo it rjocht om fan 1,1 paniel de enerzjy-belesting werom te krijen. Ien sertifikaat kostet € 212,- en smyt tusken de € 25,- en € 30,- per jier op. In rendemint fan ûngefear 6% en dat sille jo by de bank net krije. Der binne 200 sertifikaten útjûn en dêr binne noch 16 fan beskiber. Dit jier is der al 56.000 kWh opwekt. Dat is it gebrûk fan 19 hûshâldingen. Ha jo ynteresse foar ien fan dy lêste 16 sertifikaten, stjoer dan in mail en dan fertelle wy mear.

NIJE AKTIVITEIT: Enerzjycoaching
Nei de hjerstfakânsje starte wy yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert in aksje foar de ynwenners fan Weidum om te helpen by it ferminderjen fan it enerzjygebrûk.
Wy bringe doar oan doar in ‘Ledbox’ lâns. Yn dy doaze sitte in stikmannich lampen en oare helpmiddels om it stroom- en gasferbrûk te beheinen. Want de grienste enerzjy is gjin enerzjy.
Witte jo net hoe’t it enerzjyferbrûk it bêste beheind wurde kin dan biede wy oan dat in enerzjycoach fan de gemeente by jo thús komt. Yn oerlis sjocht dy wat de bêste mooglikheden binne dêr’t mei in pear ienfâldige yngrepen en gedrachsoanpassingen al in soad winst mei te heljen is. Dizze ‘quick scan’ is fergees. De coach komt twa of trije kear by jo oan hûs.
Wolle jo serieus ynvestearje yn bygelyks dak- muorre- of flierisolaasje, dan kinne jo fia de enerzjykoöperaasje in advysrapport krije fan in sertifisearre enerzjy-adviseur. Sa‘n advys kostet sa’n € 200,- oant € 250,-, mar wy biede it dizze kear oan foar € 100,- ynkl. BTW. Mearkosten wurde troch de koöperaasje bylein. Jo krije dan in profesjoneel rapport oer de moogikheden en in rûzing fan de kosten en de opbringsten.

Wolle jo mear witte, stjoer dan in mail nei doarpsenerzjyweidum@gmail.com.