14 maaie 2024
Wizige op 14-05-2024, 18:28:05
Op 29 februari wie de jierfergadering fan doarpsbelang
It Nut yn it doarpshûs. Hjirby kinne jim it jierferslach oantreffe, optekene troch ús skriuwer Sijtse Auke Flapper:
Jierferslach Feriening It Nut Weidum 2023
Elk jier dogge we in rûntsje mei de wethâlder troch it doarp en/of ha we in gesprek mei de doarpenmanager. Dit jier ha we in oerlis hân mei de doarpenmanager. Hjir wurde saken bepraat sa as bygelyks: it meanbelied, ûnkrûdbestriding, iepenbier ferfier etc. Dit is eins in koarte kommunikaasjeline mei de gemeente.
Doarpebudzjet:
Elk jier kriget It Nut in bedrach fan de gemeente. Dat bedrach is bedoeld foar it doarp en kin op ferskate manieren bestege wurde.
Yntree súd:
De ferkearskommisje is drok dwaande om de yntree fan Weidum oan de súdkant (Mantgumer kant) feiliger en freonliker te meitsjen.
Oanpak Dekemawei en fytspaad:
We ha in útlis hân fan de gemeente oer de plannen. Der komme ferkearsremmende maatregels, drompels en it wurdt in 60 km-dyk. Nije wike sille se los mei de wurksumheden.
De Weidumerfeart:
Dat probleem bliuwt toch wol wat in pineholle-dossier. Ek út de oare doarpen wei wurdt hjir oandacht foar frege. Fanút It Nut bliuwe wy oanskowen by de oerlizzen, ek út namme fan de oare doarpen fan it âlde Littennseradiel. It probleem is ek wer ûnder de oandacht brocht by de doarpemanager.
Laadpeal:
De Gemeente hat oanjûn dat der in iepenbiere laadpeal yn it doarp komt. De lokaasje dy’t oanwiisd wie, is by de parkearplakken op Idzerdaleane 1. It Nut is spitich genôch net frege om hjir in advys yn te jaan. Ek is de proseduere net gien sa as moast. Dus dy sil op ’e nij opstarten wurde moatte.
Jeu de Boulesbaan:
De Jeu de Boulesbaan is folslein fernijd en der is in echte Jeu de Boulesclub ‘Tik’m oan’ oprjochte. Der wurdt mei moai waar folop gebrûk makke fan de baan. Dy is ek noch offisjeel iepene!
Ferkiezingsbuorden:
By de earste ferkiezings yn 2023, foar de provinsje, waard in kontener pleatst mei de ferkiezingsbuorden derop. Dêr wienen we net sa wiis mei. It stie wat suterich. By de twadde ferkiezings, de lanlike, krigen we in netsjes frame.
Glêsfezel:
Neist Delta is der no noch in oanbieder by kommen: Glaspoort. Hoe’t ien en oar yn syn wurk giet is net folslein helder. Der wurdt wol in protte groeven yn elts gefal.
Weidum.eu:
Wy soenen ús website graach wat oppimpe en aktueler meitsje wolle. We ha hjir wol wat ideeën oer en sette dat punt op de wurklist foar de jiergearkomste fan 2024.
S.A. Flapper, Maart 2024
Op it heden wurde de lêste puntsjes op de i setten op de fernijde Dekemawei. Der is in tal ferkearsdrompels oanbrocht om de tastiene snelheid ôf te regeljen op 60 km. it oere.
De dyk bliuwt noch even sletten oant ek it fytspaad klear is.
Meldingen meitsje by de Gemeente Ljouwert:
Dat kin fia de website fan de gemeente of belje mei 14 058. Oprop:
Wa wol sa no en dan ris in stikje skriuwe foar WEIDUM.EU en/of foto’s op de website sette? Graach reaksjes by It Nut.
Doarpsbelang It Nut winsket alle lêzers in moaie maitiid ta!
Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton