Nijs út it Weidumer Doarpshûs

4 jannewaris 2016

Wizige op 28-11-2019, 11:26:58

Nijs út it Weidumer Doarpshûs

De oplettende foarbygonger is it grif opfallen; de skilder hat lâns west.
Mentor Schilderwerken fan Hurdegaryp hat bûtenom de hoeke fan de nije biljertseal en de Kûpersteech oanpakt.
It ljochtblauwe is feroare yn deselde kleuren as de gevel. It stiet suver sjyk.

Opropke:
Hokker Weidumer feriening of klup wol mei Ald&Nij der foar soargje dat wy mei ús allen proaste kinne op it nije jier?
Stichting Doarpshûs Weidum wol graach dat der dizze jûn de mooglikheid is inoar te moetsjen fan in oere as 00:00/00:30 ôf oant slutingstiid.
Jou dyn feriening op fia: jannekedeboer1@hotmail.com of by Wybo Smids: 06-51368317
De organisearjende feriening mei de jûn nei eigen idee ynfolje en krijt 40%  fan de netto omset fan dizze jûn!

Frijwilligers:
Yn ús doarpshûs brûzet it sawat alle wiken fan ’t jier. At der no folksdûnse, gymnastike of badmintond wurdt. Lûden fan trommels, toeters en trekzakken klinke of dat der biljertballen tsjin inoar oan kletst wurde. Der repetearjende sjongers en sjongeressen mar ek toanielspyljende toanielspilers dwaande binne.
Fan bierdrinken ûnder Roekrock, gleskes wyn skinke op it Krystbal, miskien in bako’tsje op de merke of in bakje kofje nei ôfrin fan in begraffenis. Yn ús doarpshûs bart it allegear. Mar dat kinne wy net sûnder jim!

Woon je hier al een tijdje en zou jij je willen inzetten voor het dorpshuis? Heb je misschien wel eens een gaatje in je programma om één van de onderstaande taken op je te nemen?
Reageer dan via:jannekedeboer1@hotmail.com of Wybo Smids: 06-51368317

  • Schoonmaken (1 keer per 5 á 6 weken)
  • Ramen lappen
  • Gevels schoonmaken
  • Bardienst; op dinsdag tijdens het biljarten
  • Bardienst; op vrijdag tijdens de kaartsoos
  • Opruimen en schoonmaken na afloop van grote evenementen
  • Ondersteuning tijdens begrafenissen

Us frijwilligersgroep wie altyd hiel grut. Mar, mei it ferinnen fan de tiid feroaret der wolris wat. Fandêr dizze oprop, wy kinne wol wat mear hannen brûke!

Wy wolle jim graach útnûgje op in gearkomste yn it foarjier fan 2016 om de feroarings oangeande it frijwilligerswurk yn it doarpshûs te besprekken. Fansels soene wy it hiel moai fine at we mei ús allen de taken ferdiele kinne, sadat eltsenien belutsen is en boppedat: ‘vele handen maken licht werk’.

Ut namme fan it Stichtingsbestjoer,
Inge, Lolkje, Marieke, Lucy, Roland, Wybo, Jan, Ronnie, Albert Dirk en Janneke.