Nokkerbeantsjes #292

2 july 2018

Wizige op 26-11-2019, 15:47:11

Nokkerbeantsjes #292

Team Nokkerbeantsjes #292, besteande út Tsjalling van den Berg, Thomas Perridon, Bauke Jelsma en Douwe Elgersma, docht mei oan de simmeredysje fan The Carbage Run. In race wêryn’t de dielnimmers útdage wurde om mei in sa orizjineel mooglike auto oan de start te ferskinen. De rally giet net om snelheid, mar benammen wille en kreativiteit steane op nûmer 1.
De roadtrip giet fan Emmen, oer ûnder oare Slowakije en eintsjebeslút nei Slovenië, yn in auto mei in wearde fan maksimaal €500,-.

Kinst de race folgje fia de facebookpagina fan Nokkerbeantsjes #292

Foto: Facebookpagina Nokkerbeantsjes #292