D’UM

Pluktún is iepen!

3 july 2025

Pluktún is iepen!

De pluktún efter de tsjerke is fanôf 1 july iepen. Hjir kinst biologysk kweekte blommen plukke.

 

Hoe wurket it?

Sjoch wat der yn bloei stiet en meitsje sels in boeket, fan ien soart of krekt fan in ferskaat oan kleuren en soarten. Graach de blommen mei in skjirre ôfknippe. Skjirren hingje yn in kastke oan it stek. (Net ferjitte werom te hingjen!)

Tip: pluk net midden op ‘e dei yn ‘e fûle sinne. Leaver moarns betiid of op it ein fan ‘e dei. Dan bliuwe de blommen langer goed op ‘e faas.

Wat kostet in boeket?

- Ien hânfol:     € 5,00
- Bernehânfol:  € 2,50

Betelje giet mei in QR-koade, dy fynst op it ynformaasjeboerd oan it stek.

De pluktún is in inisjatyf fan Enerzjykoöperaasje Weidum.
Fragen of opmerkings? Mail nei doarpsenerzjyweidum@gmail.com.