D’UM

Poppefoarstelling Rôversguod

16 jannewaris 2017

Wizige op 27-11-2019, 13:30:13

Poppefoarstelling Rôversguod

Primeur foar B-orkest Weidum!
B-orkest Harmonie Weidum lit bern yn ‘e kunde komme mei muzyk én ynteraktyf teater!

Harmonie Weidum bringt yn 2017 in unyk projekt nei de Fryske doarpshûzen. Foar ‘t earst yn har 118-jierrich bestean fersoarget it B-orkest folslein selsstannich in bernefoarstelling; in primeur!
Yn de muzikale, Frysktalige poppefoarstelling Rôversguod nimt de ferteller de besiker mei yn it ferhaal fan Fekke en syn roeke-aventoeren.

De muzikaalste poppefoarstelling
De muzikaalste poppefoarstelling; dát is Rôversguod! It B-orkest fan muzykferiening Harmonie Weidum spilet spesjaal troch Ria Fennema komponearre muzyk foar de foarstelling en bringt hjirmei in smûke sfear yn de seal.
Rôversguod is geskikt foar bern yn de basisskoalleleeftyd, mar ek seker foar harren folwoeksen begelieders. It script fan Tjerk Kooistra is basearre op it nije Fryske berneboek Rôversguod en nimt jong en âld mei yn it ferhaal fan Fekke en syn roeken.

Fernijing
Muzykferiening Harmonie Weidum bringt gauris fernijende projekten oer it fuotljocht. Dizze kulturele projekten en muzykfoarstellings lûke in protte taskôgers, binne in útdaging foar de leden en soargje ek foar de oanwaaks fan nije leden.

Nei produksjes as Weidum slacht Troch, Koperdieven, FestiValentijn en de jeugdteaterfoarstellings oer Hennie de Heks is no Rôversguod oan bar, basearre op it berneboek fan ien fan de leden fan Harmonie Weidum: Janneke de Boer.

De foarstelling is yn febrewaris te sjen yn it doarpshûs fan Weidum, op:
11 febrewaris 2017 13:30
11 febrewaris 2017 20:00
12 febrewaris 2017 15:00

Sjoch foar mear ynformaasje op www.harmonieweidum.nl