11 augustus 2011
Jongeren oant en mei 35 jier kinne meidwaan oan de priisfraach foar it meast bysûndere blog, skreaun yn it Frysk of ien fan de Fryske streek- of stedstalen. Tresoar/Stichting It Fryske Boek freegje jongeren harren blog oer bygelyks reizgjen, staazjes, eigen ûnderfinings, mieningen, reaksjes of miskien in deiboek, oan te melden. It blog moat út meardere bydragen bestean. In deskundige sjuery wiist de winner oan. De priis, in bedrach fan € 500,-, wurdt útrikt op snein 16 oktober by de ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske boek yn Harns. In blog is in prachtich middel om elk fan syn/har ûnderfinings op ’e hichte te hâlden. Dy ferhalen wurde noch persoanliker as se yn de eigen taal publisearre wurde. De priisfraach is in aktiviteit yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek. It doel fan de priisfraach is om it skriuwen en publisearjen fan Fryske teksten troch jongeren te befoarderjen, ek as dat dien wurdt fia de nije media. Oanmelde foar 1 septimber by Tresoar/It Fryske Boek, Bûterhoeke 1, 8911 DH LJOUWERT of info@tresoar.nl. Sjoch foar mear ynformaasje, betingsten en meidwaan op www.moannefanitfryskeboek.nl.