Saksofoanles yn Weidum

7 maaie 2013

Wizige op 11-11-2019, 12:10:53

Saksofoanles yn Weidum

Fan 2 april 2013 ôf wurdt der yn gearwurking mei Harmonie Weidum troch Miriam Stoffelsma saksofoanles jûn yn Weidum. Miriam Stoffelsma is op har njoggende begûn mei it folgjen fan saksofoanlessen en studearre yn 2009 cum laude ôf oan it Prins Claus Conservatorium yn Grins. Dêr studearre se klassyk saksofoan bij Peter Stam. As saksofoandosinte is ze wurksum oan de muzykskoallen It Toanhús op ’e Jouwer en Kuenstensintrum Atrium yn Snits. Nêst har wurk as saksofoandosinte treedt se geregeld op mei ferskillende orkesten, it Ferdivedaasje, it Fries saxofoonkwartet en as soliste. Der is noch romte foar mear kursisten. De lessen binne iepenbier en kinne folge wurde troch leden en net leden fan Harmonie Weidum. Wa ’t ek lessen folgje wol fan Miriam of mear ynformaasje wol, kin kontakt opnimme mei Ruurdtje Anema (058-2890200 of wigle_anema@hotmail.com).