Senioaren Platfoarm Littenseradiel yn Jorwert mei: In libbenlang muzyk

27 jannewaris 2016

Wizige op 28-11-2019, 11:20:30

Senioaren Platfoarm Littenseradiel yn Jorwert mei: In libbenlang muzyk

In libbenlang muzyk, is de titel fan it program dêr't Hindrik van der Meer mei yn de doarpsherberch fan Jorwert komt. Hy bringt in tige ôfwikseljend program fol mei muzyk, poëzy en ferhalen. Hy nimt ús fertellend, sjongend en spyljend mei yn in reis troch syn libben. Wy komme yn’e kunde mei syn grutte rippertwaar oan bernelieten, gedichten, musicals. Ek de literêre bustochten en de tiid dy’t frou Beitske en hy trochbrochten yn Papoea wurdt oanstipt en as fansels wurdt der ek mei elkoar songen.
 

Plak Café Herberg Het Wapen van Baarderadeel te Jorwert
Datum 11 febrewaris 2016
Tiid 14:00 oere


De tagong is gratis.

Yn ferbân mei de romte wol graach oanmelde foar 5 febrewaris 2016.
Dit kin mei de e-mail: info@seniorenlittenseradiel.nl of telefoanysk: 058-2501303