18 febrewaris 2016
Wizige op 28-11-2019, 09:47:13
De Winterfyts Alvestêdetocht 2016 is snein 14 febrewaris om 12.30 oere hinne stillein fanwege de kjeld. Troch de oanhâldende rein fielde de temperatuer folle leger oan as de werklike temperatuer fan krekt boppe it friespunt. Unferantwurde om de hûnderten fytsers dy’t noch ûnderweis wienen trochtraapje te litten fûn de organisaasje. Elk dy’t om 14.00 oere Bartlehiem noch net foarby wie, waard freonlik oantrune om ôf te stappen.
Mar de suskes Sepkje en Jeltsje Tamminga setten troch. "It wie in drege tocht, mar wy ha it helle," seine se.