Sint Marten - 2020

10 novimber 2020

Wizige op 10-11-2020, 19:56:40

Sint Marten - 2020

Sint Marten!
Moarn is it 11 novimber, tradisjoneel dé dei om mei ljochtsjes by de doarren del!
Fansels is ek dit barren dit koroana-jier oars-as-oars:

  • Set in ljochtsje by de doar at bern wolkom by dy binne
  • Lis it fruit, snobbersguod of oarswat yn in skaal in eintsje by de doar wei
  • Doch in stapke tebek, nim genôch ôfstân; ek dan hearre de minsken dyn moaie ferskes goed
  • Meitsje dyn lampion fêst oan in fisknetsje; sa kinst snobbersguod ophelje én ôfstân hâlde!