D’UM

Sjek Rabo Coöperatiefonds foar Harmonie e.o.

18 oktober 2019

Wizige op 27-11-2019, 12:57:08

Sjek Rabo Coöperatiefonds foar Harmonie e.o.

It Coöperatiefonds fan Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland oerlange 10 oktober in weardesjek fan €7500,- oan muzykferiening Harmonie Weidum e.o.
Tidens de útrikking waarden 10 organisaasjes út it oanbelangjende wurkgebiet bliid makke mei in jefte fan it koöperaasjefûns. Under de lokkigen ek It Fryske Gea, mei in projekt oangeande it droppingsfjild by it Ketliker Skar, basisskoalle De Akkers fan it Hearrenfean, yn it kader fan in nij en attraktyf skoalleplein en muzykferiening Crescendo Makkingea dy’t de bydrage brûke sil foar harren 100 jierrich jubileum.

Beitske Boersma en Marijke Dijkstra, beide jeugdlid by de Weidumer feriening, wiene mei nei de festiviteiten; mei tank oan de finansjele stipe fan Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland spylje sy ynkoarten op nagelnije bugels. Want mei it troch Harmonie Weidum e.o. ûntfongen bedrach kinne ferskate nije ynstruminten oanskaft wurde, njonken 4 nije bugels giet it ek om nije slachwurkynstruminten.
De muzykferiening steld de belutsenens en de finansjele stipe fan Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland bot op priis; mei dizze stipe wurdt der ynvestearre yn jongeren en dêrmei ek yn de muzikalens en artistikens fan Harmonie Weidum e.o.

Op de foto, fan links nei rjochts: Marijke, Beitske, Karin Tijssen & Janneke.