2 juny 2012
Fan febrewaris ôf ha wy mei Sjongerij Weidum drok dwaande west foar ús dielname oan in grut Elvis- konsert op it Rock & Roll festival yn Frentsjer. Nûmers as It’s now or never, In the Ghetto, American Trilogy en See See Rider hawwe wy fjouwerstemmich mei Anna Bonnema, ús diriginte, ynstudearre. Derneist hawwe we inkele kearen mei de The Orchestra oefene en 3 x mei ‘ús’ Elvis. Wy hawwe echt in geweldige tiid hân!! Op sneon 12 maaie wie it dan safier, om ûngefear 21.00 oere ha wy as it eftergrûnkoar by de súksesfolle bigband The Academy Pop & Jazz Orchestra Franeker en de profesjonele Elvis-imitator Kees Versluys wol 12 nûmers songen. It wie in oerweldigjende ervaring, wat in show!!! En ja, der hawwe wol 6000 minsken dit Rock & Roll festival besocht!!