21 july 2024
Yn de simmer fan 2000 ha wy mei ús freondinneploech (seis froulju) de allerearste en yn 2004 de twadde Slachtemaraton rûn. We wiene it der oer iens: we dogge it net wer (did that, done that).
Mar ja, we komme noch hiel faak by elkoar en it idee fan nochris de Slachte rinne kaam by in borrel te praat. Fjouwer persoanen wiene entûsjast en de ynskriuwing wie flot regele.
Foar’t we it wisten wie it safier. Fierstentemin kilometers yn ’e fuotten; yn totaal hiene we mar 42km. rûn yn fjouwer kear. In Jan mei de pet-tarieding.
En doe wie it ‘Slachte Sneon’.
Us startbewiis wie om 10.30 oere, wol let mar oan de buieradar te sjen, dochs wer posityf.
Mei de bus nei Easterbierrum en los.
Dêr wie it fuort al in ûntychlike drekbinde en gewoan rinne slagge hast net. Mar nei twa kilometer kamen we op it asfalt en dêr gie it better. We kamen in boerd tsjin en dêr stie op: noch 52.000 stappen oant de finish.
Ik tocht echt: “Wêr binne we oan begûn en waans idee wie it ek alwer??”
Dochs giene we fierder; we hiene de sokken deryn. We kamen fan alles tsjin: in protte spreuken yn ’t lân, korpsen yn tinten, leuke aanklaaiïngs, nettsjinsteande it waar wie it gewoan gesellich.
De fuotten wurken mei en samar wie it healwei fjouweren. Wy wiene yn ’e buert fan Easterein en doe begûn it hiel hurd te reinen. Mar dêr stie it thúsfront klear mei makaroany. Yn in legertinte koene we moai skûlje en tagelyk ite.
Nei dy pitstop wie it noch mar 16 km. Earst kaam Reahús, dêrnei Boazum (efkes sitte) en fansels begûn it wer spikerhurd te reinen. In protte rinners krigen it doe dreech; twa ambulânses kamen foarby en it waard stiller om ús hinne. Easterwierrum foarby fleure elkenien wer op: hè hè, de finish kaam yn sicht en om klokslach 20.00 oere giene wy oer de streek. Fansels hie ik myn nocht mar ik wie ta myn ferbjustering noch bêst fit.
De oerwinning ha we fierd yn de gesellige Slachtetinte en doe op ’e fyts nei hûs ta. En dy 52.000 stappen?
Ja yndied, dat kloppe neffens myn horloazje.
Mariska