D’UM

Stimme foar de Twadde Keamerferkiezingen yn it Doarpshûs fan Weidum

15 maart 2021

Wizige op 15-03-2021, 17:37:01

Stimme foar de Twadde Keamerferkiezingen yn it Doarpshûs fan Weidum

De Twadde Keamerferkiezingen binne op 17 maart 2021 
7.30-21.00 oere

Dizze kear kinne de minsken stimme yn it Doarpshûs fan Weidum en net yn Nij Dekama, dêr 't we foarige kearen altyd hinne moasten!
Yn ferbân mei it koroanafirus binne de ferkiezings foar de Twadde Keamer dit jier ferspraat oer meardere dagen.
Op moandei 15- en tiisdei 16 maart kin de âlderein en elts dy’t ta de risikogroep heart, al stimme. Mar dêr moatte se wol foar nei Mantgum. Yn Weidum kin allinne op 17 maart stimd wurde.

De lanlike plannen binne oer it algemien bekend. Mar wurdt Fryslân fertsjintwurdige yn de polityk?

Der dogge yn totaal 37 partijen mei oan de Twadde Keamerferkiezingen. Op dy listen fan de partijen steane yn totaal 39 Friezen. Dy Friezen komme werom yn 19 partijen, dus yn 19 fan 37 partijen sitte ien of meardere Friezen.

Let op: Yn de Fryske gemeenten meie de kiezers it reade potlead, dêr't se mei stimd ha, mei nei hûs ta nimme!!

 

Koroanaregels? Wa't ferkâlden is moat thúsbliuwe, mar sûnens wurdt net kontrolearre