25 oktober 2015
Wizige op 28-11-2019, 12:00:34
IS TÚT NO MEI IN DAKJE
OF NET?
Twifelje net langer!!
Kom op 15 novimber
nei it doarpshûs yn Bears
en do krijst it antwurd!
Yn in CRASH COURSE fan net mear as trije kertier learst de wichtichste kneepkes fan it Frysk skriuwen
Dêrnei wolle we wolris sjen wa 't it Frysk it bêste yn ’e macht hat
Binne dat de ynwenners fan Weidum of sit it yntellekt yn Jellum/Bears?
Wa wurdt de winner fan dizze
TAALSTRIID?
In DIKTEE sil it útwize
De tekst is fan Sjoerd Bottema
We slute de middei ôf mei Fryske hapkes en in
drankje. It wurdt gesellich, learsum en ûnderhâldend
Wannear? Sneintemiddei 15 novimber 14.30 oere
Wêr? Ald Skoalle Bears
Organisaasje: Redaksje Rûnkranter