D’UM

Taalstriid yn d'Ald Skoalle yn Bears

7 desimber 2015

Wizige op 28-11-2019, 11:53:13

Taalstriid yn d'Ald Skoalle yn Bears

Om te fieren dat de doarpskranteredaksje fan Weidum, Jellum en Bears fan de gemeente Littenseradiel dit jier twa prizen útrikt krige foar harren Fryske doarpssjoernalistyk, waard der snein 15 novimber yn d’Ald Skoalle fan Bears in wiere taalstriid organisearre.

Oan ’e hân fan in goed en deeglik ûndersyk yn de trije doarpen - it die bliken dat guon minsken neffens de organisaasje tige geskikt foar de koarte kursus binne - krigen de dielnimmers in ‘crash course’, dêr’t de meast foarkommende flaters yn behannele waarden. Katja Westra fan de Rûnkranterredaksje oer it Frysk:, ”It Frysk skriuwe je faak sa’t je it sizze. Je krije sa dan wol minder punten mei scrabble, it is ek in kear sa maklik.”
Mei help fan bylden krigen de taskôgers tips oanrikt. Dat soarge hjir en dêr al foar wat konsternaasje. Bygelyks doe’t it foarbyld wyt fiskje oanhelle waard. Skriuwe je dat as wyt fiskje of as wiet fiskje? De iene kear is er ‘wit’ en de oare kear is er ‘nat’. Wiid kin ek noch, mar dan giet it wite fiskje wol dea, fansels. Geart de Groot rekke der raar fan yn ’e war: ,,It is dochs in wytfiskje?” De seal boldere der oer.
Presintator Marineke van der Zijpp:, ”We sjogge hieltyd faker Frysk op de sosjale media; hartstikke moai! Mei ús taalstriid wolle wy ús taal graach opgeefje!” Opgeefje, dat is in folslein nij Frysk wurd foar it, yndie, opgeefjen fan de Fryske taal. Sjoerd Bottema’s earen klapperen, mar opgeefje wurdt grif it wurd fan it jier, mei tank oan Marineke.

Nei in dreech diktee fan Sjoerd Bottema, diktearre troch Daan Span en Janny Bottema en in rûzich neipertear die bliken dat Jellum-Bears in trochinoar hinne nommen skoare hie fan 32 flaters. De Weidumers diene it gâns better mei in gemiddelde fan 16 flaters. Meielkoar hiene de dielnimmers mar leafst 631 flaters makke en dan wie de sjuery ek noch hiel kûlant. Wat dus gewoan betsjut dat der yn wurklikheid noch folle mear flaters makke binne. De Weidumer winners krigen út hannen fan de organisaasje allegear it boekje: Wolters’ Fries in je pocket. It like Marineke goed ta dat de Weidumers dizze moaie priis mar ôfstean moasten oan de ferliezende Jellumers en Bearsters.

Ytsje Tolsma wie de kampioen dizze middei, mei mar fjouwer flaters mocht sy har de winner neame fan dizze taalstriid. It wie noch lang ûnrêstich yn d’Ald skoalle, net eltsenien koe him of har yn de útslach fine. De sawat tritich entûsjaste besikers wiene nei ôfrin dan ek wol yn foar in revâns yn 2016. Hey en do, anonime dielnimmer mei 64 flaters, do meist bêst myn Wolters’ Fries in je pocket in kear liene. No problem! : )  

 

Janneke de Boer.