Temagearkomsten foar mantelsoargers/Themabijeenkomsten voor mantelzorgers

Temagearkomsten foar mantelsoargers/Themabijeenkomsten voor mantelzorgers

Mantelsoargers yn Littenseradiel wolle graach mear witte oer de dingen dy’t sy alle dagen tsjinkomme by harren soarch foar in partner, âlder, bern oare famyljelid, freon, kunde of buorlju. Dit die bliken mei de ynformaasjemerk yn novimber, op de Dei fan de Mantelsoarch.
Dielname is fergees

 

Hoe hâlde jo enerzjy foar oare saken, bygelyks as jo mantelsoarch kombinearje mei in baan? Hoe sit it mei rjochten en plichten, sawol finansjeel as juridysk? Om antwurd jaan te kinnen op dizze fragen, organisearret de gemeente Littenseradiel fjouwer temagearkomsten. De iene kear middeis, de oare keer jûns. Dielname is fergees. Mear ynformaasje fine jo hjirûnder. Jo binne fan herte útnûge.

Temagearkomste “Finansjele regelingen foar mantelsoargers”
Jildsaken binne somtiden dreech. Under dizze gearkomste wurde mantelsoargers op maklik te begripen wize ynformearre oer de finansjele regelingen wêr’t sy of harren soarchfreger mei te meitsjen krije.

12 april 2017 fan 19.30 – 21.30 oere Dorpshûs Us Gebou, Tsjerkebuorren 12A, 8843 KE yn Spannum of
2 maaie 2017 fan 14.00 – 16.00 oere yn Dorpshûs Us Honk, Terp 3, 8636 VB yn Britswert.

Oanmelde
Oanmelde kin oant 15 maart 2017 by de hear B. Damhuis, e-mail: b.damhuis@littenseradiel.nl of tillefoan: (0515) 334460. Fermeld dúdlik jo namme en nei hokker dei jo foarkar útgiet.

 

Mantelzorgers in Littenseradiel willen graag meer weten over de dingen die ze dagelijks tegenkomen bij hun zorg voor een partner, ouder, kind, ander familielid, vriend, kennis of buur. Dit bleek tijdens de informatiemarkt in november, op de Dag van de Mantelzorg.
Deelname is gratis

Hoe houdt u energie voor andere zaken, bijvoorbeeld als u mantelzorg combineert met een baan? Hoe zit het met uw rechten en plichten, zowel financieel als juridisch? Om antwoord te kunnen geven op deze vragen, organiseert de gemeente Littenseradiel vier themabijeenkomsten. De ene keer ’s middags, de andere keer ’s avonds. Deelname is gratis. Meer informatie vindt u hieronder. U bent van harte uitgenodigd.

Themabijeenkomst “Financiële regelingen voor mantelzorgers”
Geldzaken zijn soms ingewikkeld. Tijdens deze bijeenkomst worden mantelzorgers op gemakkelijk te begrijpen wijze geïnformeerd over de financiële regelingen waar zij of hun zorgvrager mee te maken krijgen.

12 april 2017 van 19.30 – 21.30 uur in Dorpshuis Us Gebou, Tsjerkebuorren 12A, 8843 KE in Spannum of
2 mei 2017 van 14.00 – 16.00 uur in Dorpshuis Us Honk, Terp 3, 8636 VB in Britswert.

Aanmelden
Aanmelden kan tot 15 maart 2017 bij de heer B. Damhuis, e-mail: b.damhuis@littenseradiel.nl of telefoon: (0515) 334460. Vermeld duidelijk uw naam en naar welke dag uw voorkeur uit gaat.

« werom