9 july 2015
Wizige op 28-11-2019, 12:30:18
Wa giet de striid oan?
Fan de rubryk Tút mei in dakje, ha de Rûnkranterlêzers fansels in hiele soad opstutsen.
No dat wolle wy wol ris sjen!
Mei it prizejild, dat de redaksje fan ús doarpskrante wûn hat foar Fryske doarpssjoernalistyk yn Littenseradiel, organisearje wy de:
TÚT MEI IN DAKJE TAALSTRIID
freedtejûn 30 oktober
19.45 oere yn de
Ald Skoalle te Bears
Mei in koarte opfris kursus en it Trije Doarpendiktee sille de doarpen Jellum/Bears en Weidum stride om de
Tút mei in dakje bokaal
Wa nimt de priis mei nei it eigen doarpshûs? En wa wurdt de persoanlike winner?
Mei in drankje en talrike taalstriidhapkes kin de striid nei ôfrin noch efkes oereide wurde.
Set dizze datum fêst yn jim aginda en doch mei! Hoe mear minsken meidogge, hoe grutter de striid. It folsleine program komt yn it hjerstnûmer fan de Rûnkranter.
De redaksje,
Katja, Marineke, Grietje en Janny.