Weidum op de Freule

Weidum op de Freule

De earste wurden nei it bekend meitsjen fan de lotting......k*tf*ck. Der is lotte tsjin Arum, ien fan de kânshawwende pertoeren fan de Freule....Mar...it ain't over till it’s over... sizze se dan! Mei in stik spanning, mar ek in goede mentale striderskriich yn de bealch giene de mannen woansdei de 10e augustus op nei Wommels, de Freule 2011. Om 10.00 oer op it haadfjild wie de wedstriid tusken Arum (Jan-Bauke, Kevin en Jan) tsjin Weidum (Remmelt en Wouter Bouma en Wybrand Boersma) Der waard wol om fjochten, mei as tuskenstanden 6-6 / 6-6 / 6-4 / 6-6 / 2-6 / 6-2 ferliest Weidum mei 5-1 en 6-2. Undanks it ferlies wie coach Jarig Boersma dochs grutsk op syn jongens, se keatsten allegearre ien fan de bêste partijen fan it jier. Oer de hege opslach fan opslager Wybrand waard noch referearre nei de opslager fan eartiids Sjouke de Boer....moai no!! De dei begûn droech mar dat hat oant in oere as 12.00 duorre en dernei setten de buien yn. De hiele middei hat it mear wol as net reint, jammer foar sa'n Freuledei die eindige mei in finale tusken Dronryp en Sexbierum/Pietersbierum wer at Sexbierum/Pietersbierum foar de earste kear harren oerwinning behelle mei in stan fan 5-2 (6-2) Al mei al wer in tige slagge Freule dei wer’t, nei de wedstriiden, tiid wie om even by te praten en feest te fieren yn it Freuledoarp Wommels.



« werom