Weidumer Kampioenskip Curling

13 febrewaris 2010

Weidumer Kampioenskip Curling

Freed 12 febrewaris is op de iisbaan fan Weidum it Weidumer Kampioenskip Curling hâlden. Der wiene yn totaal fjirtig dielnimmers wêrfan sechtjin bern en fjouwerentweintig folwoeksenen. Der waard yn ploechjes fan trije dielnimmers spyle, om beurten waarden trije “Curls” sa ticht mooglik nei de stip skeun. De trije beste ploegjes giene troch nei de finale en de iisklup hie foar moaie priizen soarge. Sels it echte Weidumer Curling Team (Albert Dirk Talsma, Tjerk Kooistra en Wybo SMids) wie fan de partij, mar hja makken harren namme net wier! Bij de bern wie de earste priis foar Anne Baukje Haima, Janna Nynke van der Berg en Rinske Dykstra. Bij de folwoeksenen wie de earste priis foar Marten Swierstra, Sepkje van der Vegt en Douwe Elgersma.