17 novimber 2008
Wizige op 18-11-2015, 12:08:56
It Weidumer doarpshûs siet grôtfol. Oan de foardrachtwedstriid diene sa’n 50 bern mei út de groepen 5 oant en mei 8 fan de basisskoallen yn Littenseradiel. Dy hiene allegear fans meinaam. Heiten, memmen, broerkes, suskes, pakes en beppes. Mar der wiene ek noch oare belangstellenden dy’t wol ris hearre woene hoe’t al dy bern, dy’t op de eigen skoalle de wedstriid al wûn hiene, harren gedicht foardroegen. By de fersen siet wer in rige bekenden. Bygelyks: De walfisk en de prom en Klaas Krintsje út Tutte mei de linten fan Diet Huber. Dy waarden ek al foardroegen troch de heiten en memmen fan de bern en ek troch harren pakes en beppes. Mar nije wiene der ek by. De gedichten fan Jurjen van der Meer wiene fan’t jier tige populêr. De bern út de groepen 5 en 6 wiene earst oan bar. De sjuery hie it dreech om in winner oan te wizen. Der wiene wol fiif foardragers by dy’t foar in priis yn oanmerking kamen. Dochs wûn Marten Wijnia út Itens de priis mei it gedicht: De Kontsje Klapper. Marten stie frij foar de mikrofoan, seach it publyk mei in gutich kopke oan en droech it gedicht as in grappich ferhaaltsje foar. En dêr fermakke hy it publyk tige mei. By de bern út de groepen 7 en 8 hie de sjuery it ek net maklik. Der is noch lang praat oer twa kandidaten, mar de priis wie úteinlik foar Yke Koopmans fan Weidum mei: Heit. Yke wie dúdlik, hie in gedicht keazen dêr't se har goed yn ynlibje koe, se hie in soad mimyk en oertsjûge it publyk op in hiel natuerlike wize. Foar alle dielnimmers wie der nei ôfrin in medalje. Se wiene ommers allegear al winners! Mar de beide priiswinners fan dizze jûn krigen ek noch in boek.