D’UM

Ynfojûn gemeentlike weryndieling 19-4, 20.00 oere

11 april 2016

Wizige op 28-11-2019, 09:51:26

Ynfojûn gemeentlike weryndieling 19-4, 20.00 oere

Wat is de stân fan saken yn de weryndieling mei Ljouwert?
De gemeente komt lâns en de doarpen binne der ek

Yn 2013 hat it kolleezje by alle doarpen op besite west om de miening fan de ynwenners te hifkjen oer de weryndieling. Mear as tûzen ynwenners wienen doe oanwêzich by dy ynspraakjûnen. No binne wy trije jier fierder en komt de gemeente wer graach del om fan de ynwenners te fernimmen oft der noch soargen oer of oandachtspunten foar de weryndieling binne.

Op 19 april om 20.00 oere komt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders lâns om mei de ynwenners fan de doarpen dy’t mei Ljouwert weryndiele te praten oer de stân fan saken,

En de ûnderwerpen wêr’t de gemeente op dit stuit oan wurket.
Net allinnich it kolleezje fan Littenseradiel is der, mar de doarpekoördinator fan de nije gemeenete Ljouwert sil der by wêze

It gearwurkingsferbân fan de tsien doarpen dy’t nei Ljouwert geane, “Nij Baarderadiel’ sil ek in taljoching jaan oer de saken wêrt’t sy mei dwaande binne.

Elts is wolkom op 19 april om 20:00 yn it doarpshûs fan Weidum.