15 febrewaris 2019
Wizige op 26-11-2019, 15:37:10
Jierferslag It Pleatslik Nut 2017-2018
Bestjoer.
It bestjoer hat dit tiidskoft bestien út Gertjan van der Meer (foarsitter), Steven Duursma (skriuwer), Franci de Groot (ponghâlder), SijtseAuke Flapper (lid) en Tialde Ploegh (lid).
Oergong nei de gemeente Ljouwert.
Dizze perioade wie bysûnder. Weidum leit net langer yn de plattelânsgemeente Littenseradiel mar is fanôf 1 jannewaris 2018 ûnderdiel wurden fan de grutte stedsgemeente LJouwert.
Dat hat in soad gefolgen foar de gong fan saken, net allinnich foar It Nut mar ek foar de oare ferienigingen. De subsydzjes wurde oars ferdeeld, en it hat ek bliken dien dat bygekyks it oanfreegjen fan in fergunning foar in evenmint dreger en djoerder is.
Wy binne dêr yn gearwurking mei de oare ferienigingen yn it doarp de ôfrûne oardel jier drok mei dwaande west.
Feroaring fan it boekjier.
Fanwege de oergong nei de gemeente Ljouwert is it better om it finansjele boekjier fan 1 jannewaris oant 31 desimber rinne te litten, want dat is ek de perioade dat wy subsydzje krije. Dêrom moasten de statuten feroare wurde.
Wy hite no “Ferieniging It Nut Weidum” en de jiergearkomste is fanôf 2019 yn febrewaris om ferslach te dwaan oer it jier derfoar.
Finansjeel
De gemeente LJouwert jout gjin struktuerele subsydzje oan ferienigingen lykas Littenseradiel die. Der wurdt no ien fêst bedrach útbetelle oan in wyk of in doarp, it “doarpsbudzjet”. De hichte fan it bedrach is ôfhinkelijk fan it ynwennertal. It jild mei net brûkt wurde foar it stipjen fan exploitaasjekosten mar moat bestege wurde oan aktiviteiten dy’t de leefberens yn it doarp befoarderje. Op 20 maart ha de ferienigingen en It Nut meiinoar it “Serious Game” spile. Mei de útkomsten dêrfan ha de ferienigingen en It Nut in regeling foar de ferdeling fan it doarpsbudzjet opsetten, dy’t yn de jiergearkomste 2017-2018 fêststelt wurdt.
Wêr hat it bestjoer noch mear mei dwaande west?
It bestjoer is tusken 1 juni 2017 en 31 desimber 2018 alve kear byelkoar kommen.
Op 30 novimber 2017 wie de jiergearkomst. Op 21 en 29 novimber 2018 ha wy twa ledengearkomsten hân fanwege it fêststellen fan de nije statuten.
De binne foar en nei de oergong nei de gemeente Ljouwert ferskate gearkomsten west oer wat der feroaret en mei wa’t dat regele wurde moat.
Op welke datum? juni is in amtlike delegaasje fan de gemeente Ljouwert yn Weidum west.
Bygeand in koart oersicht fan de measte oare saken wêr’t wy yn de ôfrûne oardel jier mei dwaande west binne.
In delegaasje fan it bestjoer hat meipraten oer gearwurking van de tsien doarpen dy’t no ûnder Ljouwert falle: Nij Baarderadiel.
Der binne wer nije bijenlinten oanlein. Bygelyks lâns it fytspaad nei Mantgum en it fytspaad nei De Swette. Nei oanlieding fan de oergong fan Litteneradiel nei Ljouwert is in filtkeunstwurk fan Truus Hijbrechts oanbean on de gemeente Ljouwert.
Op 14 novimber 2017 is der yn it Doarpshûs in listlûkersdebat organisearre fanwege de ferkiezing fan de nije gemeenterie. Alle listlûkers wiene der en de grutte seal wie aaifol.
Wy nimme diel oan de klankbordgroep Nieuw Stroomland.
De klankbordgroep hat yn gearwurking mei bedriuwen oan de súdkant fan Ljouwert de ôfslúting fan de Hendrik Algraweg tsjinholden. Earst moat de gemeente better ûndersykje wat de gefolgen binne foar it fyts- en lânbouferkear.
De klankbordgroep bliuwt aktyf om de romtelike kwaliteit en de ferkearsfeiligens yn it plangebied te behâlden. Wichtichste diskusjepunt dêrby binne faak de gefolgen fan de oprukkende stêd. Der rinne noch trije romtelijke prosedueres.
De boarterstún op it keatsfjild is fernijd. De tastellen wiene ôfkeurd.
Troch de help fan twa tûke fûnsenwervers en warbere frijwilligers binna alle tastellen ferfongen. De ûndergrûn is net mear in sânbak, mar it is no gers wurden. Troch de droechte is it gers let opkommen, mar it leit der no moai by. Yn oerlis mei de keatsklup ha wy beslúten de hikke tusken it keatsfjild en de boarterstún fuort te litten.
Wy binne noch yn petear mei de gemeente Ljouwert oer it behear en ûnderhald.
De klokken fan Weidum binne stilfallen en dat fine de ynwenners fan Weidum jammer. It oerwurk is stikken en it twa kear deis mei de hân opwinen fan dat oerwurk moat mechanisearre wurde. Ek it trije kear deis lieden fan de grutte klok moat noch mei de hân, en dat kin net mear frege wurde fan ik kosterspaer.
Wy binne yn oerlis gongen mei de tsjerke om budzjet te sykjen foar de restauraasje en automatisearring fan it oerwurk en it automatisearjen fan it lieden fan de grutte klok. De tsjerke hat in tasizzing dien om de restauraasje en in part fan de opwynautomaat te finansieren en de ynwenners fan Weidum ha meielkoar
ek in prachtich bedrach fan dik € 4.000,- opbrocht. Troch stipe fan partikuliere fûnsen en in bydrage fan de provinsje is der no genÈch budzjet om it oerwurk en it kloklieden wer hielendal ynoarder te meitsjen.
Wolle jo noch wat kwyt oan It Nut of wolle jo noch wat freegje, nim dan kontakt op mei ien fan de bestjoersleden of stjoer in mail nei doarpsnutweidum@gmail.com