11 jannewaris 2023
Wizige op 19-01-2023, 15:22:26
It is no offisjeel: De coronamaatregels hoege net mear yn acht nommen te wurden. Corona kin no sjoen wurde as in gewoane gryp. Dat makket dat alles wer kin, lykas in Krystbal en oare doarpsaktiviteiten. Gefolch fan de twa coronajierren is dat de minsken de gong nei It Nut om oanfragen te dwaan by it doarpebudzjet noch net echt fûn ha. Spitich, want soms kin der mear as minsken tinke. We binne no dwaande it budzjet foar dit jier op te meitsjen en ha gelokkich noch in tal doelen fûn.
Der is út ein set mei de oanbesteging fan it wurk om de Jeu de boulesbaan op te knappen en dêr ha we jild foar reservearre. We berjochtsje der oer as der mear bekend is. It soe geweldich wêze as der minsken binne dy’t nocht ha om Jeu de Boules te spyljen en meiïnoar in groepke te foarmjen om ek echt gebrûk te meitsjen fan de nije baan as dy klear is.
Miskien moatte der noch oare saken regele wurde om de baan goed brûke te kinnen.
Dat hearre we dan ek graach fan belutsenen.
De plannen oangeande Yntree súd geane stadichwei troch. De plannen binne wer in bytsje bysteld om in sa goed mooglike oplossing te finen foar de krappe yngong fan it doarp.
Op tongersdei 9 maart 2023 hâldt It Nut syn JIERFERGADERING. Set dy datum al fêst
yn jim aginda’s. We hoopje dan fansels wer op in grutte opkomst.
It bestjoer fan It NUT winsket elts noflike feestdagen en in sûn en aktyf 2023!
Gertjan, Franci, Sijtse-Auke, Piet en Anton