Nijs fan It Nut, hjerst 2019

Wizige op 26-11-2019, 10:10:05

Nijs fan It Nut, hjerst 2019

De skoallen binne wer begûn en der is wer wat reuring yn it doarp. De simmerfakânsje is foarby. Ek foar ‘It Nut’ betsjut dat, dat we wer oan ’e slach moatte. De gemeentlike gearkomsten oer sosjaal domein, doarpebudzjet en allerhanne oare saken steane alwer yn ’e aginda en it bestjoer fan ‘It Nut’ hat de earste gearkomsten fan it seizoen wer hân.
Wy ha drok dwaande west mei de organisaasje fan de ‘Open Monumentendag’ en riede ús no ta op de earste besite fan de nije boargemaster oan ús doarp. Dat sil plakfine op
5 oktober, dus as dizze Rûnkranter by jo op de doarmatte leit, hat boargemaster Buma al in kuierke troch Weidum makke.

OANFRAGEN DOARPEBUDGET

Yn de Rûnkranter fan maart fan dit jier ha we jimme wat ferteld oer it doarpebudzjet en de besteging dêrfan. De ferieningen dy’t foarhinne fan de gemeente Littenseradiel in strukturele subsydzje krigen (en no dus net mear fan de gemeente Ljouwert), koene dit jier dat bedrach fan it doarpebudzjet krije. Se moasten dat dan wol nedich ha. Yn 2020 kinne de ferieningen noch 50% fan it bedrach oanfreegje. Dêrnei is de ‘âlde regeling’ ôfboud.
It doarpebudzjet is bedoeld om de leefberens yn it doarp te behâlden en te fergrutsjen. Inisjativen dêrta foar it jier 2020 kinne yntsjinne wurde by it Nut fia pleatsliknutweidum@gmail.com.
It doarpebudzjet stiet net alinnich iepen foar ferieningen, mar ek partikulieren, strjittekommisjes of in spontaan gearwurkingsferbân kinne in oanfraach yntsjinje.  It Nut besjocht oft de oanfraach yn oanmerking komt foar (gedieltlike) takenning. It plan foar besteging fan it doarpebudget wurdt yn jannewaris of febrewaris 2020 op de jiergearkomste presintearre.  As der jild oer is, kinne der yn de rin fan it jier noch oanfragen dien wurde. 

(Het dorpenbudget is bedoeld voor initiatieven die de leefbaarheid in het dorp behouden en versterken. De verenigingen die structurele subsidie kregen van de gemeente Littenseradiel, kunnen voor 2020 nog 50% van dat bedrag aanvragen bij It Nut. In 2021 is de “oude regeling” afgebouwd. Het dorpenbudget is bedoeld om de leefbaarheid in het dorp te behouden en te vergroten. Initiatieven daartoe kunnen vóór 1 december 2019 worden gedaan bij It Nut (pleatsliknutweidum@gmail.com).

STÂN FAN SAKEN KLOKLIEDEN

Hoe giet it eins mei de reparaasje fan de klokken?
No poerbêst! Misskien dat jimme de auto fan firma Vellema wolris by de tsjerke stean sjogge, want der wurdt hurd wurke om it oerwurk wer yn te hingjen en klear te meitsjen. Fansels komme se wol ûnferwachte saken tsjin, lykas dat faak giet mei retauraasjewurk. Mar noch efkes geduld en wy hearre ús klokken wer sjongen!

OPEN MONUMENTENDAG”  SNEON 14 SEPTIMBER 2019

In dûbele pagina yn ’e LC: “Varen, fietsen en wandelen op Open Monumendag”. Wat in drokte yn Bears, Jorwert, Mantgum en Weidum. Soenen Sjoerd Meintes Venema en syn frou Tetje yn harren winkel/fytsmakkerij/benzinepomp oan de Wielsterdyk ea safolle minsken oer de flier hân ha as de hjoeddeiske bewenners Jaap en Djoke?
Sake Cnossen hie amper tiid om te iten. Der foel fan alles út te lizzen en te fertellen oer de foar Weidum sa karakteristike Amerikaanske wynmotor.
En yn de Johannestsjerke wist Dirk Limburg hast net meer wa’t er earst of lêst te wurd stean moast. Oant Geeske sei: ”Och jonge nim de mikrofoan en gean op ’e preekstoel stean.”
Underwilens waard der op it keatsfjild troch fjouwer stjêrspilers fan Nije Kriich in demonstraasje jûn en besocht Gertjan in famylje út Breukelen de begjinsels fan it keatsen by te bringen.
Yn ’e konsistoarje koene de minsken telâne foar in bakje kofje, en dat foel der goed yn, foaral it stikje sûkerbôle mei boerebûter smakke bêst.
En wat in fytsen by Pier en Hester op it hiem. Sa’n protte belangstelling foar it Buma-Begraafplak. De teller bleau stean op 811 besikers. Mar miskien wiene it der noch wol mear, want je soene de tel kwyt reitsje mei sa folle minsken. Wiete Buma wie dan ek wiis mei syn sekondanten Jan Monsma en Klaas Tilma. It wie foar in protte minsken in geweldich moaie en noflike dei. Mei tank oan alle frijwilligers dy’t dit mooglik makke ha! 

BIJ en FLINTERLINT

Doe't de mannen fan firma Pol klear wienen mei de oanlis fan liedingen tusken Weidum en It Wiel betocht Franci har gjin momint. Wat in prachtige ûndergrûn foar in hiel nij stik Bij en flinterlint! Yn gearwurking mei in groep entûsjaste Weidumers hat se it stik hielendal ynsiedde. En wat stie it prachtich yn ’e bloei de ôfrûne moannen. It wie in hiel fleurich gesicht mei al dy blommen, bijen en flinters!

14058
Foar hast alles dêr’t je as ynwenner de gemeente foar nedich ha of melding fan meitsje wolle, kin belle wurde mei 14058
. Wy wolle elts oproppe om sa folle mooglik melding te meitsjen fan ‘klein leed’, lykas bygelyks folle prullebakken. Dat belje mei 14058 of doch in melding fia it kontaktformulier op www.leeuwarden.nl.

Ta beslút noch efkes dit:

It Nut hat fernaam dat der klachten binne oer wetterplanten yn de Weidumerfeart. Dat komt omdat It Wetterskip al lang net mear baggere hat en it ek net fan doel is. Ynwenners fan ús doarp dy't kleie by It Wetterskip en de Gemeente Ljouwert rinne tsjin tichte doarren oan.  Wy moatte it fan de gemeente ha as wy de wetterplanten derút ha wolle. It Nut sil besykje om der in iepening yn te finen, mar omdat de gemeente tige krap yn it jild sit, sil dat wol dreech wurde. In alternatyf kin noch wêze dat we it sels dogge. Hjir soe begelyks ek in berop foar dien wurde kinne op it doarpebudjet.

Groetnis fan it bestjoer,
Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heeger, Sijtse-Auke Flapper en Tialde Ploegh.