D’UM

Nijs fan It Nut juny 2024

21 july 2024

Wizige op 23-07-2024, 10:57:15

Nijs fan It Nut juny 2024

Simmeredysje

Jim lêze it goed, SIMMERedysje. Undertusken kletst de rein tsjin de ruten en is it bepaald net lekker waarm bûten. Miskien binne we wat bedoarn en is dit normaal waar foar de tiid fan it jier?

De Dekemawei is klear en wer fol yn gebrûk. De dyk is kreas wurden al binne de bermen sacht. Hjir wurdt mei buorden foar warskôge. No mar hoopje dat de gebrûkers harren oan de nije situaasje hâlde mei 60 km. yn ’t oere.

In pear wiken lyn ha Piet, Franci en Gertjan mei Bram Louwerse en Abel Reitsma fan de Gemeente Ljouwert  troch it doarp rûn om te sjen hoe’t alles der by leit. Der is praat oer de steat fan it ûnderhâld fan ûnder oaren de perkjes om it keatslân, it meanen fan it gers en it opknappen fan de strjitfluorring nei alle graverij fan de kabelmanlju. Ek de bankjes ha wer oan bar west lykas de jiskefetten neist de bankjes, want dy rûke net sa lekker by moai waar.

Noch altyd witte de bewenners fan Weidum de wei nei It Nut min te finen foar it oanfreegjen fan jild foar ferskate aktiviteiten yn it doarp. Dêrom hjirby noch mar ris in oprop om mei ideeën te kommen om it doarp moaier/leuker/geselliger en/of edukativer te meitsjen.
We hoopje dat der nijsgjirrige ideeën komme om it doarp op te leuken. Miskien kin dit yn de fergadering fan jim buert in agindapunt wurde. De measte buertbestjoeren sille meikoarten wol bymekoar komme moatte foar de Merke en dan kin dit punt ek moai meinommen wurde.

Dizze wike hat it Glêsfezelbedriuw Delta witte litten dat se yn Weidum gjin huzen oanslute sille op harren glêsfezelnetwurk. Spitich en min te folgjen hoe’t de ûntwikkelings ferrûn binne. Wa’t glêsfezel yn ’e hûs ha wol sil oerstappe moatte nei Glaspoort.

Weidum.eu: Op moandei 27 maaie ha Wybo, Gertjan, Piet, Nanne, Janny B. en Lucy by mekoar sitten om te betinken hoe’t ús doarpswebside wer wat better fûn wurde kin en hoe’t we der mei syn allen gebrûk fan meitsje wolle/kinne. Feikje T. sil in oare kear ek oanskowe.
It doel is dat de groep sa’n fjouwer kear jiers bymekoar komme sil. As it goed is ha dyjingen dy’t de webside wol ris opsykje al sjoen dat der mear meldingen binne en dat saken feroarje. Hâld it allegear yn de gaten want it is noch altyd in moai medium om ynformaasje út te wikseljen.

Dizze wike is der wer wat Weidumer jeugd slagge foar harren ferskate skoalle-eksamens.
Ut namme fan It Nut fansels lokwinske mei it behelle diploma.

It bestjoer fan It Nut winsket alle ynwenners in noflike (en miskien in bytsje waarmere en drûgere) simmer ta. En fansels in bulte wille yn de kommende Merke.

Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton