2 july 2026

Op 26 maart hat Pleatslik Belang It Nut har jierfergadering hâlden. Der wie in moaie opkomst, seker ek omdat we Rikkie Hagen fan de Gemeente Ljouwert útnûge hienen om fragen fan minsken út it doarp te beäntwurdzjen. Rikkie hie de fragen foarôf krigen sadat se har tariede koe om mei in goed antwurd te kommen.
Nei de jierfergadering hat it bestjoer fan It Nut wer twa kear byinoar west om te fergaderjen. Sa as altyd komme de mails fan de gemeente oan ’e oarder en besjogge we welke fergaderingen belangryk binne om by te wenjen. Franci hat fansels wer nei de fergadering fan de Faarrûtes west. Dat is in lestich dossier dus der is net folle nijs te melden. Dan ha Franci en Gertjan nei de fergadering ‘Aanscherping Ruimtelijke Visie’ west fan de gemeente Ljouwert.
It Nut (Piet en in tal minsken út it doarp) hat drok dwaande west mei de Kuierrûte troch Weidum. Hâld nijs oer dit ûnderwerp yn ’e gaten!
It Doarpebudzjet is foaral oansprutsen troch Harmonie Weidum foar harren Megaprojekt ‘Midsimmerdream’ dat op sneon 13 juny plakfine sil op it Keatslân.
Sa as elts opmurken hat wurde de stoepen troch it hiele doarp foarsjoen fan nije tegels en dus wurdt alles moai opnij straten. Wa’t tinkt: wat in fergriemerij fan tegels; ha gjin noed want de âlde tegels wurde recycled ta nij boumateriaal. It doarp sjocht der wer in stik better út! Op dizze foto fan de Bornialeane is te sjen dat de lêste puntsjes noch op de i setten wurde moatte mar it sjit al moai op!
It bestjoer fan It Nut Weidum winsket elts wer in pracht simmer ta!
Anton, Franci, Gertjan, Piet en Sijtse Auke