D’UM

Nijs fan It Nut oktober 2026

18 oktober 2026

Nijs fan It Nut oktober 2026

No’t de simmer foarby is begjinne, lykas alle jierren, de winteraktiviteiten wer yn it doarp. It Nut hat op 1 september foar it earst nei de simmer wer byelkoar sitten. In pear saken op de aginda wiene: hoe sjocht it nije tegelwurk yn it doarp der út, De kracht fan ‘AI’ yn de doarpen (Gertjan en Franci sille der hinne), Swier ferkear troch de Lytse Buorren, Doarpebudzjet oanfragen en it ôfskied fan Boargemaster Buma. In greep út de saken dêr’t we mei dwaande binne.  

Troch omstannichheden wie it foar It Nut net mooglik om by it ôfskied fan Boargemaster Buma te wêzen mar fansels hat er út namme fan it doarp in ôfskiedskaart mei in moai ferhaaltsje oer ús gearwurking yn de ôfrûne perioade krigen en as ôfskiedskadeau in echte flagge fan Weidum.


It Ferblommingsprojekt foar Weidum hat ek noch ús oandacht. We roppe de buerten op om in foarstel yn te tsjinjen mei in budzjet dat foar de plannen nedich is. Graach wolle we dat foar
1 november binnen ha sadat we de finansjele kant foar de ein fan it jier regelje kinne.

Op freed 18 septimber ha Johan en Jeroen de kursus AED wer jûn. It wie 7 jier lyn dat dy foar de lêste kear oanbean wie dus It Nut wie super bliid dat beide mannen wer beskikber wiene. Mei 15 entûsjaste dielnimmers  wie  de kursus in grut sukses. Oer in pear jier wolle we it graach wer organisearje want it is tige wichtich dat genôch minsken witte hoe’t Hertmassaazje en de AED wurket. We ha in AED by it doarpshûs hingjen en sûnt koart hinget der ek in AED op It Wiel by Jan Boersma.

Hâld de Doarpsside WEIDUM.EU ek yn de gaten foar nijs!
Mei in freonlike groet fan it Nutsbestjoer,
Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton