D’UM

Nijs fan It Nut septimber 2022

11 jannewaris 2023

Nijs fan It Nut septimber 2022

De fakânsje sit der foar in protte minsken op en it (frijwilligers)wurk begjint wer.  
De ferienings begjinne harren aktiviteiten te plannen en it gewoane libben komt op gong. We ha in waarme simmer hân mei drûch waar (miskien wat té drûch) mar dat liket al wer wat by te kommen. De frouljus PC wie wer geweldich! Super organisearre mei in hiele protte frijwilligers dy’t it mooglik meitsje dat soks kin yn sa’n lytse mienskip. Op it wrâldtoaniel binne der momenteel in soad útdagings dêr’t wy as lyts doarp wol mei te krijen ha mar dêr´t we miskien net in protte oan dwaan kinne. Of dochs wol? It miljeu en de enerzjytransysje steane al hiel lang op de aginda en as alle minsken dêr in lyts stikje oan bydrage kinne we wol ergens komme. Yn dat ramt is der op TONGERSDEI 29 SEPTIMBER  fan 19.30 oere ôf in ´Energie bespaarmarkt´ yn it Doarpshûs fan Weidum, organisearre troch Doarpsenerzjy Weidum en Koöperaasje Meiïnoar Grien Jellum Bears. Alles wat we dwaan en leare kinne om better om te gean mei enerzjy kin helpe, dus stek jo ljocht op yn it Doarpshûs op dy 29ste septimber!

Oer yntree súd (yngong fan it doarp fan de Mantgumer kant ôf) is yn septimber wer in gearkomste mei de gemeente en hooplik lit de oanbesteging net lang mear op him wachtsje al is dêr fansels noch gjin dúdlikheid oer. Wat de swierrichheden mei it hekkeljen fan de sleatten om it doarp hinne oanbelanget, binne we noch net folle fierder. It bliuwt ûnder de oandacht.

Oant sjen yn desimber. 
It bestjoer fan it NUT,
Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton