17 augustus 2022
It is juny en de simmer stiet foar de doar. De Merkekommisje hat de buerten al wer oan it wurk set om de strjitten te fersieren yn it tema 11 Stêdetocht, dus der begjint wer wat te buorreljen nei twa jier fan feesten op ôfstân.
Ek yn it ramt fan frijetiidsbesteging is de gedachte dat de Jeu de boulesbaan efter Nij Dekema dochs bestean bliuwt. Der wurdt no sjoen oft der minsken binne dy’t it leuk fine om der ek echt gebrûk fan te meitsjen. As dat sa is wolle we de baan fan in nije laach foarsjen want no is er net te brûken en dat stimulearret net echt om in potsje Jeu de boules te spyljen.
Ein maart ha Franci, Piet en Gertjan in rûntsje troch it doarp rûn mei wethâlder Abel Reitsma. Dat bart alle jierren en der wurde dan dingen bepraat dy’t goed geane mar fansels ek saken dy’t oandacht fan de gemeente brûke kinne. Altyd wichtich foar de kontakten en it begryp fan de gemeente foar problemen yn it doarp. De Glêsfezelkabel komt yn Weidum! Nei in stevige kampanje fan Delta en in foarljochtingsjûn yn it doarpshûs is der genôch belangstelling. In opstekker foar gemeente, provinsje en Weidum wie de iepening fan de nije fytsbrêge by it Weidumerhout. De sirkulêr makke brêge is in foarbyld fan duorsum bouwen en it is prachtich wurden! Je kinne der no wer oerhinne sûnder dat je fyts útinoar falt.
Op 18 maaie is de hear Rodenhuis, wenjend yn Nij Dekema, 100 jier wurden. Hjir is omtinken oan jûn troch in serenade fan Harmonie Weidum en in blomke fan It Nut. Rodenhuis hie in prachtfeest hân mei syn famylje!
Út it doarpebudzjet is oan it Sânpaad jild takend foar it fernijen fan de blombakken oan de lantearnepeallen en buertferiening De Terp hat jild krigen foar it setten fan blombollen oan it Havenspaad. Oanfragen kinne fansels noch altyd dien wurde by It Nut.
It bestjoer winsket jim in hearlike simmer ta en oant sjen yn septimber.
Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton