D’UM

Nijs fan It Nut, winter 2020

22 desimber 2020

Wizige op 22-12-2020, 17:49:38

Nijs fan It Nut, winter 2020

Noch efkes en it jier 2020 sit der op. Wa hie in jier lyn tocht dat we no mei mûlekapkes oprûnen, we oardel meter ôfstân hâlde, elkoar gjin hân of trije tuten mear jouwe en we mar mei in pear minsken by elkoar komme meie. As ik dat foarich jier witten hie, hie de skrik my om it hert slein. Mar it is frjemd, it went...... Dat mûlekapke sit yn ’e tas, yn ’e auto en yn ’e bûse, we steane oardel meter fan elkoar ôf by it skoalleplein en groetsje elkoar mei in knik en in blik. Mar fansels hoopje we allegear dat we oan it ein fan 2021 op it krystbal stean, sjonge, dûnsje, en sizze kinne: “jeetje, wat wie dat doe wat, lokkich is alles no wer gewoan”. It wie ek wer in hiel lyts bytsje gewoan doe’t de bern mei Sint Marten mei harren prachtige ljochtsjes by de doarren lângs kamen en fol oertsûging harren ferskes songen. En doe’t de Sint alle bern út Weidum, Jellum en Bears in bliksembesite brocht. It kin dus lokkich dochs, in bytsje gewoan yn dizze ûngewoane tiid.   

Nije strjitferlochting

Yn de foarige edysje fan Nijs fan it Nut ha we jim op ’e hichte brocht fan it plan fan de gemeente om begjin 2021 de strjitferljochting yn Weidum te ferfangen. We ha fanút it doarp reaksjes hân op dit plan en dan foaral fan de bewenners fan de Hegedyk. We ha alle beswieren meinaam en binne wer om ’e tafel gien mei de ljochtman fan de gemeente, dy’t tafallich ek ús doarpemanager is. Hjirûnder de belangrykste wizigings. Dêrnjonken ha we yn de foarige Rûnkranter de útlis fan de lampen ûnder 2 en 3 omdraaid, hjirûnder dan ek nochris it goede kaartsje.

  • It idee is om de posysjes fan de peallen op de Buorren en it Sânpaed op ’e râne fan de stoepe te setten (oan ien kant).
  • Foar de Hegedyk is it foarstel om oeral legere lantearnepeallen te pleatsen, sa as dy no yn ’e rest fan it doarp stean. De peallen geane dan fan 10 meter nei 5,5 meter. Der wurdt ek noch sjoen oft tusken Hegedyk 24 en De Vijf Sinnen deselde lantearnen pleatst wurde kinne as yn de ‘woonstraten’.

 Adoptearje in bankje!          

   

Op ús oprop om in bankje te ‘adoptearjen’ is manmachtich reagearre. Hast alle bankjes binne no foarsjoen! Dank oan alle frijwilligers dy’t harren oanmelden ha. Sy hoege foarearst noch net oan ’e slach, want de gemeente hat oanjûn der earst foar soargje te wollen dat alle bankjes feilich en netsjes binne. Der binne noch twa bankjes ‘beskikber’. Frijwilligers hjirfoar kinne harren noch altyd melde by it bestjoer.

- Idzerdaleane (t.h.f. Arie en Lenie)                           
 
à Albert-Dirk Talsma
- Idzerdaleane (njonken Lucy)                                    
  
à NOCH BESKIKBER
- Op it Havenspaad/Hanialeane/Lytse Buorren (2x)
  
à Klaes Tilma en Klaas Ploegh
- Op it hoekje Hanialeane/Skildyk                            
  
à Gerrit Meester
- Bornialeane tsjinoer glêsbak                                
  
à Theo Visser
- Hegedyk t.h.f. nr. 38                                             
  
à Tjaarda Monsma
- Wielsterdyk (t.h.f. Piet de Boer)                          
  à NOCH BESKIKBER
- Hoeke Wielsterdyk-Dekamawei (om de beam)   
  
à Johan de Boer

‘In gewoane dei’

Sneon 21 novimber klonken der Sinteklaasferskes troch it doarp. En dêr wie ynienen Sint, dy’t tegearre mei Pyt, op in TukTuk troch ús doarp riden waard. Op ferskate plakken yn it doarp stoppe it selskip en kaam Sinteklaas efkes fan syn stoel ôf om de bern dach te sizzen. Wat wie it prachtich om al dy bliere kopkes te sjen. Der waard songen, de bern koenen mei Sint en Pyt op ’e foto en Pyt hie foar alle bern noch in pûdsje lekkers. Ek de bern út Bears en Jellum waarden net ferjitten.
It Nut hie foar alle hûshâldings yn it doarp noch in aardichheidsje. Wat  wie it prachtige moarn! Suver wer wat in gewoane dei yn dizze ûngewoane tiid.

Sa is it jier hast alwer om. We sille sjen wat 2021 ús bringe sil. Meitsje der wer wat fan.
Wy winskje jim hiele fijne dagen ta!

Groetnis fan it bestjoer,
Gertjan van der Meer, Sijtse-Auke Flapper, Franci Heeger, Anton Wijnstra en Tialde Ploegh