D’UM

Jierferslach Stichting 2018/2019

19 april 2019

Wizige op 26-11-2019, 15:30:23

Jierferslach Stichting 2018/2019

Maaie/blommemoanne:

De moanlikse gearkomste, nei de jiergearkomst yn april , is der ien  mei meidielings,  opsetten fan aktiviteiten en plannen meitsje foar it kommende jier.
Inge kundigt oan dat it echt har lêtste jier is. Wybo wol noch in perioade bliuwe. Op syk dus  nei nije –,  en enthousiaste bestjoersleden.

It jeugdhonk hat in slagge ôfsluting fan it winterskoft.  Remmelt Bouma sil hjiroer letter yn de fergadering mear  fertelle . Sûnt 2018 is der wer libben yn it honk. Der wurde wer aktiviteiten organisearre foar de bern fan de basisskoalle en krekt derboppe.  Derneist wurdt it honk ek brûkt troch de “âldere jeugd” om noflik te sitten.

Nei in pear gearkomsten mei foaral  froulju as Marijke, Feikje en Beitske binne we mei de jeugd en it bestjoer, komme we ta in konstruksje hoe it honk brûkt wurde moat. Der komme  in tal jonges ut Mantgum del (omt je sels gjin plak mear ha), by dizze froulju op besite.  De jeugd is fansels fan herte wolkom mar we ferwachtsje seker dat se mei respekt omgean mei it honk.  Hjir en dêr besykje we de jeugd sa te stjoeren sadat us honk bliuwt,  mei sawol aktiviteiten as chill-jûnen.

Dit jier is Koepel boppe wetter kommen. Dit is in gearwurking mei de doarpen Jorwert, Hilaard en Weidum. Dit jongerein bestjoer besyket eltse moanne in aktiviteit te organisearjen foar alle bern yn de leaftiid fan 12-17 jier.  Eltse moanne is it yn in oar doarp. In prachtich ynisiatyf!!

Juny/simmermoanne:
 Op 7 juni, is der in wichtige jûn foar alle frijwilligers foar it doarpshûs. In  IVA kursus ( Verantwoord Alcohol Schenken) mei 23 persoanen. De jûn is ien mei in ferhaal, in quiz en in presintaasje.   Elkenien  slagget  foar de kursus! Oan de ein fan de jûn giet de ploech mei elkoar op de foto en in posityf keuringsbewiis, nei hûs.

Sneon 16 juni is BBQ foar  frijwilligers.   Mei moai waar en gesellige musyk , ha we in noflike sit op it pleintsje foar it Doarpshûs. In gemêleard selskip kin in hapke en in drankje nuttigje.  It jowt us as bestjoer in goed gefoel om alle frijwilligers  ien kear yn it jier te ferwennen en te fermeitsjen. Der binne in bulte doarpsgenoaten dy t hjir op ôf komme.   Eins komme der gjin opmerkingen, wêrom we net mear mei de boat te farren geane.  Wa wit komt dit,  of in oar ydee, de folgjende kear om e hoeke…..

Freed 29 juni nimme  Dokter Lukkes en frou  Lukkes ôfskie fan harren kliintêle.   De  jûn , in krusing tusken in resepsje en in merkejûn wêr t triennen rôlje, oantinkens ophelle wurde,  mar wêr t benammen ek hiel hurd lake wurdt.  Yn de sfearfolle  grutte seal , diele jong en âld,  hapkes en sapkes rûn. De hûsband Hotstop en it duo Feik en Tsjits  komme  optreden.   Emotsjionele mominten binne der ek , as Jasmin (en Yldau) fia it skerm, har âlders tasprekke. It echtpear kriget in  bysûnder kado fan it doarp; DOKpop. It alderearste wachtkeamerfestival fan de wrâld is berne.

July/heamoanne:
MERKE!  We ha in goeie merke draait;  drok, lekker waar en fertier en plessier foar jong en âld.

Spulwike; 2018 wie tige waarm! Mar dat hâldt de bern net thus! Dit is earste spulwike yn de nije gemeente ljouwert. Dit ha we ûnderfûn mei de tariedings; nije fergunningen, kalamyteitenplan, plattegrûn, en gean sa mar troch….Ekstra wurk mar ek ekstra bern…bern bûten us âlde gemeente meie  ek meidwaan. Der komme  sa n 160 yn Weidum; geweldich.  It samlike feest fan de lieding yn it DH is dit jier sûnder krupsjes ferrûn; der binne ôfspraken makke en dêr hat elts har oan hâlden.  Hoaplik kin it   fenomeen Spulwike  bestean bliuwe.                                                                     

Fekânsje; mei oare wurden….efkes de holle frij fan alle ferantwurdlikheid en prakkesasjes.

 

Augustus/rispmoanne:
Frouljus PC 22 augustus.  De prachtige simmer set ek troch tiidens de FPC; dit hâldt  yn dat it keatsfjild fol sit mei keatsleafhawwers, geweldich! De gearwurking mei de FPC ferrint  goed; dit is de earste kear FPC yn de gemeente Ljouwert. Nije fergunningen en kosten. We sille jim de details besparje mar….we moate sels in befeiligingsbedriuw ynhiere.( de mannen ha in relekste jûn hân). De fergunning komt dy dei om 11.00 oere binnen…Dank foar alle frijwilligers dy t oant 16.00 oere de bar bestjinne ha. Gosse en syn mannen nimme de lieding dan oer. De mesyk fan Roel/ Matty en de Suskes meitsje de jûn  tige slagge.

 

Septimber/hjerstmoanne:

Dizze moanne ha we gjin bysûndere  en grutte aksjes yn it doarpshûs.
 

Oktober/wynmoanne:
 Op 20 oktober is it wer safier. De nije tradysje , ûntstean om Roekrock te stypjen, is ûndertusken in begrip wurden yn de “feest scene” fan Weidum. It fjierde  Oktoberfest, organisearre troch it âld RR-bestjoer, hat der wer in prachtfeest delset mei de musyk fan “De Suskes”. De grutte seal is bestsjoene yn in wiere skihut.  De oanwêzichheid fan  in bulte jeugd  (100 betellende besikers) en lekker iten fan atze Achtien en fansels in spesjaal bierke, soargje foar in geweldige jûn!

Dizze moanne is it startsein fan de tiisdei en freedtejûn besetting fan de lytse seal fan us doarpshûs.
 It winterferdriuw foar de mannen en froulju fan it Biljerten en Kaarten(soos) is wer utein setten.

Novimber/slachtmoanne:
 

Desimber/wintermoanne:
 In moanne mei in tal hichtepunten . Dochs is der ek in dûnkere/drege  momint  foar it doarp.  Ald bestjoerslid Roel Punter is ferstaorn.  Syn ôfskie fynt  op respektfolle-, en paste wize  yn it doarpshûs plak.

Rûnnom de krystdagen is der it krystbal, it kriistmiel en fansels it kriistballeke.
Krystbal: Hiel erg drok besocht, mar wie wol waarm, dus we sille mei  ôfsûgjen e.d. dwaande de kommende tiid. It feest sit seker wer yn de lift; de jonge jeugd hat it paad nei dit feest fûn.
Krysballe balleke: Freed 28 des komt de jeugd fan groep 1-5 middeis en de bern fan groep 6 oem 15 jier de jûns. Elts jier is der in pryske foar de moaist klaaide faam en feint. De bern geane schminken, dûnsje, spultsjes dwaan en oan de ein fan de middei ha se in echt galadiner. De rom 50 folle  bukjes geane tefreden nei hûs.   It jûnsprogram is ytsje heftiger. De beljochting wurdt oanpast en de 25 tal jeugd giet” lasergamen”. Dernei dûnsje en chille ûlf DJ Wouter. Ferskate nije relaasjes ûntsteane der dy jûn…. Healwei âlve oere is de lêste slowdance en kin  it bestjoer (Sabine, Jenneke, Tryntsje en Jeroen) werom sjen op in slagge KKB 2019.

Aldjiersjûn op it keatslân. Dit jier foar it earst yn safolle jier in feestje foar jong en âld. De ploech fan it Hokje wol besykje dit op te pakken omt it altiid wat saai is mei de jierwikseling yn us doarp. Der stiet in ferwaarmde tinte op it keatslân en mei in ploech doarpsgenoaten sitte we 2018 ut.. Mei stipe fan it Doarpshûs troch de konsumpsjepriis wat leger te hâlden wurdt it net allinich in in tige slagge happening foar eltsenien mar it kin finansjeel seker ek ut. Dit wolle we graach it oare jier wer organisearje.


Nijjierskuier nei Bears + nijjiersborrel yn it doarpshûs.  We ha it rûntsje Bears wer dien; ek dit jier waard it lekker drok besocht en moatte de noadige appelflappenen borrels ferwurke wurde. Oare jier wurdt it tiid foar nij nije rûte….wa hat in  ydee? De neisit hjirfan is noflik en al rap sitte de kilo s fan de krystdagen alwer werom op hokker plak dan ek.. De oaljekoeken fan de Harmonie binne gau op….Dit is in moaie nije tradysje.

 

Jannewaris/foarmoanne:
Der is de fêste Biljertpartij op earste snein fan jannewaris.  Ek in jierliks werom kommende tradysje. De mannen sette fantyk utein om it elkoar sa dreech mooglik te meitsjen. De sop fan Pytsje Bosma en de noadige snackjes wurde nuttige.   Dy dei is  meastentiids nei molkerstiid beslikke en  ek de kaarten foar eltsenien  binne dan skodde.

 

 

Febrewaris/sellemoanne:
 Op snein 3 febrewaris sit it doarpshûs bomfol nijskjirrigen. Sytse Haima hat syn twadde CD presintaasje.  Hokker ferskes hat hy no de ôfrûne jierren betocht en opnommen yn de studio oan de Skildyk?…. De measte minsken ha in cd kocht dus  dat is in moaie opstekker foar him.

 

 

Maart/foarjiersmoanne:
 Begjin maart komt  De nije DROKTE YN WEIDUM- aginda ut…., en wat stiet der in protte op!


 Yn it wykein fan 12 maart stiet it stik fan Master Gysbert op de aginda. Dit is de twadde kear dat de ploech fan Tjerk kooisrta mei in stik oer dizze persoan optrede. De sneon is utferkocht mei foaral folwoeksen publyk. De sneintemiddei is in famyljefoarstelling.   Mei  200 besikers is it in leuke en foldiene besochte kultureel wykein.

De Koepel is in  nije organisaasje foar de jeugd fan Weidum, Jorwert en Hilaard.  In tal jongerein besiket us jeugd  ut e hûs te krijen, om mei elkoar de freedtejûn in sinfolle-en sosiale meeting te jaan.

Sneon 23 maart is der in solistenkonkoers organyseare troch de SML.

24 maart: de Sunday Session mei de Flippin the birds. Dizze Blues/Rockband spilet mesyk fan de jierren 70/80. In moai stikje muzyk, allinne de lûdknop wie poater. Lytse bern rinne mei koptealefoanen op wylst harren âlden genietsje fan de mesyk en elkoar.


 It lêste wykein fan dizze moanne is foar de klup mei de reade en wyte ballen.  De jûn mei hast 50 dielnimmers wie in weardige ôfsluting fan it winterskoft. 

April/gêrsmoanne:
De Jierfergadering is de belangrykste jûn foar us as bestjoer. Wat ha we goed dien, wat dogge we oars en wat binne de nije plannen.

Folle sukses  Wybo, Marieke,  Johan, Nico, lucy, Ronnie, Gisi, Henk Jan, Sietske, Remmelt en Franci.

 

Groetsjes, Inge Nijboer.