D’UM

Ikoanen fan Weidum, Jellum en Bears: Hink Kingma en Aukje Kingma-Wijnstra

5 july 2024

Wizige op 23-07-2024, 11:24:35

Ikoanen fan Weidum, Jellum en Bears: Hink Kingma en Aukje Kingma-Wijnstra

(Ut de Rûnkranter fan juny 2010. Hindrik Kingma is ferstoarn yn septimber 2018 en Aukje Kingma-Wijnstra yn juny 2024.)

Yn Weidum, Jellum en Bears wenje minsken dêr’t jo net omhinne kinne, dy’t ús ferhalen fertelle kinne oer de histoarje fan ús doarpen út pakwei de ôfrûne 100 jier. Minsken dy’t in protte meimakke ha en dy’t in foarbyld binne foar oaren. Sy binne de ikoanen fan ús doarpen. Diskear gong Janny Bottema op besite by de Kingma’s yn Weidum.

Hink en Aukje Kingma wiene krekt werom fan in pear dagen fakânsje mei freonen yn Westerbork, Drinte. Earder wiene se altyd mei syn achten op stap. No noch mei syn fjouweren. Sa giet dat as je tachtigers binne.
“Wat in moaie provinsje, Drinte”, sizze se. “Wat kinne je dêr prachtich fytse. It binne allegear goede fytspaden en wat steane dêr grutte huzen mei prachtige tunen. Nederlân is in ryk lân”.

Der is hiel wat feroare yn it libben fan Hink en Aukje Kingma tusken harren jeugd en hjoeddedei. De krisisjierren, de oarloch, de weropbou fan ús lân. Nei de fyftiger jierren feroare alles yn in sneltreinfeart en krigen de minsken it hieltyd better. Kingma hat altyd thús west yn it boerewurk en him dêr jierren mei rêden. As er no op ’e pleats by syn soan komt siket er op it hiem in feilich plak. Al dy grutte masines dy’t ynhierd wurde foar kuilen, jarjen en oar lânwurk en dêr jachtich omride. Je kinne mar oppasse. Hy is it folslein ûntgroeid.

Hink Kingma (Hindrik) is berne op 14 july 1924 op de pleats oan de Hegedyk yn Weidum, in stjelp, dy’t letter ferboud is ta wenhûs. De famylje Vos wennet dêr no. In tekening lit sjen hoe’t dy pleats der eartiids útseach. Dêr is it hûs net mear yn te werkennen.

De Kingma’s komme fan âldsher fan Sweins. Kingma mei graach yn de skiednis omsneupe en fûn yn de boeken Kingmastate, in slot dat der yn 1700 al stie. Der rint dus noch wat blau bloed troch de Kingma’s. Yn it tsjerkje fan Sweins hingje roubuorden en ek dy fan de Kingma’s hinget der by. “In nuveraardich tsjerkje. It tuorke sit midden op it dak en dêrom hinget it tou foar it kloklieden ek midden yn de tsjerke”, seit frou Kingma. “Wy ha ús dêr út nijsgjirrigens foar de famylje-ôfkomst in kear rûnliede litten.”

Aukje Kingma-Wijnstra waard berne op 4 septimber 1926 op in pleatske/komelkerij oan de Boksumerdaam. Dat hûs stie der in jier as wat ferlyn noch mar it is ôfbrutsen en op itselde plak stiet no in hiele grutte nije houten wenning. Op de print dy’t yn ’e gong hinget komt har bertehûs my noch wol bekend foar. Allinne dy moaie mole stie der allang net mear. Dy is jierren lyn al ôfbaarnd. Frou Kingma har heit hie ek de soarch foar dy mole. “Mar doe’t dy der net mear wie waard de meallerij elektrysk regele en koene wy ek op it elektrysk oansletten wurde. Dat wie in hiele foarútgong”, seit frou Kingma. De Wijnstra’s wennen yndertiid midden yn it lân. No fytse in soad minsken oer it Swettepaad by it nije hûs lâns en op ’e eftergrûn de driigjende kontoeren fan it nijste yndustryterrein fan Ljouwert.

Hink Kingma is doe’t er acht jier wie mei syn âlders, suster en broer ferhuze fan Weidum nei Bears. Se kamen te wenjen op de pleats achter it spoar (dêr’t Gelkje van Eunen no wennet). Dat wie yn it begjin fan de krisisjierren. Yn de oarloch hiene se altyd ûnderdûkers. Dat wiene minsken fan it spoar mar ek in ûnderwizer. Der wiene trochinoar altyd wol fiif minsken ekstra op ’e pleats. Meiïnoar sliepten bern en ûnderdûkers op ’e souder. Keammerkes wiene der net en se wisten net better. “Wy krigen in soad jirpels eartiids en moasten der nachts ek wolris ôf, mar wy hiene noait hinder fan elkoar. Kom dêr no marris om. No moatte bern op harren tredde jier nedich in eigen keammerke ha. Heit en mem sliepten ûnder yn de keamer en it echtpear dat by ús ûnderdûkt siet ek. Dy keamer wie skieden yn in foar- en achterkeamer”, fertelt Kingma.
Kingma moast sels ek ûnderdûke. “Oerdei wie ik gewoan thús, mar nachts sliepte ik by Wiebe van de Lageweg op Westerhuis by Hilaard”.

De âlde frou Kingma hold altyd deiboeken by. “Sa kinne wy noch in hiele soad út it ferline weromhelje. Spitigernôch die se dat net yn oarlochstiid. Se fertroude it net om feiten en nammen op te skriuwen dy’t miskien ûnder ferkearde eagen komme koene. Nei de oarloch pakte se de tried wer op. Singelier wie dat se foar de oarloch altyd yn it Nederlânsk skreau en nei de oarloch yn it Frysk”, seit Kingma.
By frou Kingma thús op de Boksumerdaam hiene se gjin ûnderdûkers mar wol evakuees. Dy kamen dêr wer op ferhaal en krigen genôch te iten.

De Kingma’s wennen as bern dus beide bûtenút. “Dat hold yn dat we noait folle mei oare bern yn it doarp boartsje koene. Nei skoaltiid gau nei hûs ta. Ik luts in soad mei myn fjouwer broers op. Myn suster wie de âldste, wy skeelden tefolle yn leeftyd. Myn hiele skoaltiid ha ik yn Deinum trochbrocht”.
Kingma siet earst yn Weidum op skoalle (no de winkel fan Andrys en Pytsje) en letter yn Bears (it hûs fan Henk en Janke van der Kooi). “Ik ha by deselde master en juffer yn ’e klasse sitten as ús mem. Master Hiemstra en juffer Spoelstra ha yn Bears hiel wat bern it lêzen en skriuwen leard!”

“Yn 1942 ha wy elkoar troffen op de Marsumer merke. Aukje kuiere dêr mei har freondinnen”, seit Kingma. “Wy ha goed fiif jier ferkearing hân en binne op 4 maaie 1948 troud”.
“Sa flak nei de oarloch wie der wenningneed. Dêrom lutsen wy by Hink syn âlders yn. Wy ha tsien jier yn folle tefredenheid mei twa húshâldings op ’e pleats wenne. Wy yn de foarein en pake en beppe yn de hals. De bern binne dêr allegear berne, Tryntsje, Jeltsje en Pyt. Wy wiene elkoar ta stipe”, seit frou Kingma.

“Ja, ik koe wolris út it boerewurk weistappe en oan it ferieningslibben meidwaan”, seit Kingma. “Yn Jellum/Bears wie in grutte mienskipssin. Bygelyks as it wintere en de iisbaan moast klearmakke wurde, dan gong der in berjocht troch de buorren. Allegear komme en personiel meinimme! Steefêst einige dat wurk yn it drinken fan in slokje meielkoar. En dat wylst der mar ien romer wie! In gesellige ôfsluting fan in mienskiplik ûndernimmen dat net ien misse woe”.
Kingma mocht ek graach toanielspylje yn it doarp. “Yn Jellum/Bears wennen in soad neven en nichten fan my dy’t dêr ek nocht oan hiene. Sa koe it barre dat by stjergefallen in toanielútfiering net trochgean koe om’t dan tefolle spilers út deselde famylje ferstek gean litte moasten”. In bekende regisseur yn dy tiid wie Tiede van der Weij. Fedde Bergsma skreau wol stikken. “Dy syn dochter Janneke hat de leafde foar toaniel oerurven. Sy spile wol by Tryater en hat ferskate iepenloftspullen regissearre. Ik ha in kear as fiif meidien oan it iepenloftspul fan Jorwert, yn de begjinjierren. De earste kear yn 1954 wie ik der net by mar wol yn 1955. Doe koene de spilers net yn de notaristún telâne. Foar it stik Seerp van Galema binne wy foar ien kear útwykt nei Mantgum. Mei it iepenloftspul moast ik ophâlde om’t ús heit en mem wylst nei de Skildyk yn Weidum ferhuze wiene. Us heit koe net altyd mear ynfalle op ’e pleats en doe waard it hieltyd dreger om safolle tiid frij te meitsjen foar it repetearjen”.

Yn 1958 binne pake en beppe ferhuze nei de Skildyk yn Weidum. “Fansels wie it ek fijn om doe alle romte foar ús sels te hawwen”. Dochter Jeltsje brocht dat moai ûnder wurden: “Dan kinne wy ek op it stiennen plak hinkelje.” Dat mocht noait fan beppe. “Dat plak seach der altyd spic en span út. Sûnder bernetekeningen of in hinkelhok!”

De Kingma’s mochten letter ek altyd noch graach nei útfierings fan de toanielferienings fan Jellum/Bears en Weidum ta gean, mar foar Hink is de aardichheid der ôf no’t it gehoar him yn de steek lit. “It is net goed mear te folgjen, spitich”.
Njonken it toanielspyljen hat Kingma ek aktyf west by De Friese Maatschappij van Landbouw (Friese Mij) en yn de tsjerke. By in kosterswiksel yn Weidum hat er noch ris in tal âlde notulenboeken fan de konsistoarjesouder yn ’e hûs helle dy’t werom geane oant 1700. Alles wat him ynteressearre hat er oernaam yn syn eigen oantekens. Nijsgjirrich foar de Wurkgroep Histoarje! Dêr falle hiel wat ynteressante saken oangeande de doarpen út te heljen.
En dan wie der fansels it frijwilligerswurk foar it Doarpshûs. “Ik mocht graach helpe by klussen lykas fervjen, skjinmeitsjen en de tún”. Noch mar koartlyn is er dêr mei opholden. “It wurdt dreech om by ljedders op te klimmen en dan moat it út wêze”.

Frou Kingma hat tusken 1969 en 1975 foarsitster west fan de ôfdieling Baarderadiel fan de Plattelânsfroulju. “Dat wie in drokke tiid. It wurk op de pleats, de bern yn ’e hûs, mar it koe allegear. It hearde der by”. De Plattelânsfroulju organisearren in soad, bygelyks it folksdûnsjen. “Mar dêr kamen ek leden fan bûten by, oars koe de groep net bestean. Dat wie in moaie tiid mei in soad kontakten en optredens mei oare groepen. En noch, want ik folksdûnsje noch altyd”.
Letter hat frou Kingma yn Weidum in skoft by de gymnastykferiening west. It pleatslik wurk foar de Kankerbestriding hat ek jierren in taak foar frou Kingma west, en it Reade Krús. It wurk foar de Kankerbestriding hat dochter Jeltsje no  fan har oernaam.

Yn 1973 ferhuzen de Kingma’s nei de pleats yn Jellum. Tafallich wie dat ek de pleats dêr’t pake Pyt berne wie. Oant 1985 ta buorken se dêr. Doe hat soan Pyt dy pleats oan de Hegedyk oernaam. “Wy ha noch in pear jier tegearre buorke, mar dêrnei is Pyt allinne fierder gien. Fedde Bergsma helle my oer om oan it wurk op de feiling foar griente, fruit en blommen yn Ljouwert te gean. Ik wie doe 61 jier. Prachtich wurk wie dat. Doe ha ik de buorkerij hielendal oan Pyt oerdien. Ik ha  noch fiif jier op de Huzumerleane oan ’e slach west. Alles klearmeitsje, wer opromje en soargje dat alles goed ferrûn. Earst noch mei Fedde Bergsma. Yn tsjinstelling ta it boerewurk hie ik op de feiling in soad kontakten mei oare minsken. Krekt dy kontakten makken it wurk sa moai”.

Doe’t Pyt en Wypkje op ’e pleats kamen ferhuzen Hink en Aukje Kingma nei de Kinsck van Roptawei yn Weidum. Earst op nûmer 16 (dêr’t Janny Harms no wennet). Yn 1987 lieten se it hûs op de hoeke fan de Kinsck van Roptawei en de Skildyk bouwe, nûmer 2A. Krekt foar it berteplak fan Kingma oer. “Yn myn bernejierren wie dizze hoeke fan Weidum noch allegear greide. It doarp bestie út de Grutte en Lytse Buorren, it Sânpaed en in stikje Skildyk. Mar de huzen waarden doe wol troch folle mear minsken bewenne!”

“Wy wenje hjir graach”, sizze de Kingma’s. “It is in praktysk hûs mei rûnom útsjoch”.
De bou fan it hûs wie yndertiid bysûnder. It is der yn ien dei delset. It fotoboek lit sjen hoe’t dat yn syn wurk gie. Sa koe it barre dat it hûs yn novimber boud is en dat der om krysttiid hinne al ferhuze wurde koe. “Yn it oare hûs wenne it ek noflik, dêr hiene wy ek rûnom sicht, mar no ha we mear romte en in garaazje derby”.

It bûtenút wenjen joech yndertiid frijheid mar ek beheinings. Der moast altyd wat regele wurde as de bern mei oaren boartsje woene of winters reedride. “Ik brocht de bern wol achter op de fyts mei de redens ûnder nei it doarp ta en as der opnij opbûn wurde moast die Evert Heeg dat. Hjir, yn it doarp, wenje wy midden tusken de minsken. Dat jout gesellichheid. Wy sjogge moarns bern en âlders mei auto’s of fytsen fan en nei skoalle ta gean. En de buorbern komme ris oan ’e doar. Om blommen foar in suertsje te ferkeapjen bygelyks”.

De Kingma’s ha sân pake- en beppesizzers en seis oerpake- en -beppesizzers. Dy sjogge se allegear geregeld. Foar de jongsten stiet noch altyd in kiste mei boartersguod boppe. “Dat witte se. Benammen dat reade autootsje is wichtich foar ien fan de bern. Dat wurdt altyd op in fêst plakje yn ’e keamer parkeard”.
Dochter Tryntsje en har man Dries wennen yn Blessum. Tryntsje is fiif jier lyn ûnferwachte ferstoarn oan in hersenvliesûntstekking. Noch mar 55 jier âld. In hiele slach. No sit har man, dy’t yn Ljouwert by Thomassen en Drijver wurke, ek al yn de VUT en hat er tiid om op de bern fan syn soan en skoandochter te passen yn Eastersee. Harren dochter is ek troud. Sy wennet yn Amersfoort en hat ien bern.
Jeltsje en har man Gjalt buorken yn Boazum, mar wenje no op Marsherne yn Poppenwier.
Harren trije bern binne ek al útflein en wenje allegear yn Grins.
Pyt is de jongste. Hy is troud mei Wypkje en se buorkje noch yn Jellum. Se ha twa bern mar gjin opfolger. Yn ien kear is sa’n famylje fan boeren hielendal ferdwûn! Net ien fan de pake- en beppesizzers sit yn it boerewurk.

Nei it wurksume libben wie der mear tiid foar útstapkes. “Sa makken wy in kear in reis nei Noarwegen en dêr troffen wy twa echtpearen yn ’e bus út Vegelinsoard. Wy ha altyd kontakt holden en gongen dêrnei gauris meielkoar op fakânsje. Letter kaam der noch in echtpear by. Mei syn achten derop út en ek meielkoar nei it dûnsjen foar trouden. Wy ha in protte wille meiïnoar hân en in soad belibbe. Spitich dat der guon út ús rûntsje weifallen binne. Mar wy binne bliid dat wy noch byelkoar binne en goed sûn”.

It wie gesellich om op dizze freedtemiddei yn juny tee te drinken by de Kingma’s. Wy wiene noch lang net útpraat. Der is genôch stof foar ferhalen foar in hiel famyljeboek dat mei help fan de deiboeken fan de âlde frou Kingma en de oantekens fan har soan Hink gearstald wurde kin. Wa wit!