28 maaie 2024
Wizige op 01-06-2024, 11:57:37
(Ut de Rûnkranter fan desimber 2008)
Nei oanlieding fan it ferhaal fan Lynke de Jong is Saco Hemstra begûn mei de rige: Ikoanen fan Weidum.
Lynke wie ek sa'n ikoan. Hjirûnder fertelt se har ferhaal. Lynke is ferstoarn yn 2011.
It wie sneontemoarn 29 novimber. De bel gyng en dêr stie Marineke mei har famke foar de doar. ‘Mei ik jo wat freegje’, sei se. ’Kom der mar yn’, sei ik. Wy sieten om ’e tafel en doe kaam it fersyk oft ik in stikje yn ‘e Rûnkranter skriuwe woe. No, dat woe ik wol. It koe fansels net sa’n prutsstikje wêze, dat ik moast der al efkes goed foar sitten gean. ’No, dan fertel ik mar wat oer mysels’.
Ik bin net yn Weidum berne, ik bin yn Turns hikke en tein. Us heit wie komelker. Wy wennen in lyts eintsje bûten de buorren yn in buorkerijke mei in grut hiem mei beammen en in grêft der omhinne. Heit hie fan alles wat: hinnen, skiep, kninen en bargen, dat wy binne wol mei bisten grut wurden. Wy wiene mei ús njoggenen as bern, wat in húshâlding! As wy fan de legere skoalle ôf kamen, moasten wy der al gau út om te tsjinjen. Earst ris nei famylje en sa stadichoan nei in echte tsjinst. Wy wiene thús goed troch de mosterd fitere, wy woene as wetter. Ik wie acht jier doe’t ús mem ferstoar. Se hie T.B.C. en der wie neat oan te dwaan. Dat hat in swiere tiid west. Ik wie ien mei fan ’e jongsten, hie noch in broerke fan fjouwer en in suske fan oardel jier (se wurdt aanst 83!). Us âldste suster, Jeltsje, moast doe thúskomme en waard ús húshâldster. Sy wie 16 jier, mar rêde har en hâlde de húshâlding geande. Se is jong troud, doe moast in oare suster komme te helpen, sa ha wy om beurten by heit yn ’e hûs west om de húshâlding draaiende te hâlden. Wy wiene mei syn seisen as famkes thús, dat sadwaande. Doe’t ik 15 jier wie krige ik in plakje by de boer. Heit bestelde my by Wâte Boersma. Ik fûn it dêr goed en wie feint en faam tagelyk. It wie in behindich spultsje. De boer koe it net foarelkoar hâlde en nei in jier moast er fan ’e pleats en alles waard ferkocht. Sadwaande kaam ik wer by ús heit yn ’e hûs. Myn oare suster gyng der no út en ik die de húshâlding. Sa diene wy dat. Ik ha ek by Ruurd Veldhuis faam west. ’k Hie in leave frou, der wiene seis bern en de sande is berne doe’t ik dêr wenne, dat wie in lytse Ruurd. It wie in drok plak, mar ik fûn it dêr moai en ik wie sûn. Nei trije jier woe ’k út Turns wei en ha my yn 1943 besteld by Sjoerd Swierstra yn Weidum, de pake fan Sjoerd Swierstra dy’t no op ’e pleats wennet. Dêr hie ik it al sa nei ’t sin en Weidum fûn ik prachtich. Der wie fan alles te dwaan, der wie in korps, in hiele grutte gymnastykferiening, in toanielferiening, in Fryske Krite, ik wist net wat my oerkaam. Yn Turns wie net folle. De Fryske Krite wie yn ’e âld skoalle dêr’t Andrys en Pytsje no harren winkel hawwe. No, dêr ha wy wat ôfsongen, ik leau it hiele ‘Fryslân Sjongt’ hast en Sipke Bink, de broer fan Tryntsje van der Sloot, spile dan op ’e fioele. It wiene moaie jûnen. It wie wol yn ’e oarloch, dat de jonge mannen koenen har jûns hast net ôfjaan. It frear winters ek altyd o sa yn dy tiid. Wy rieden dan op it ‘Leechje’, in stikje lân ticht by it spoar op nei Jorwert. Dêr ha’ k Sikke troffen. Hy frege my oft ik in rûntsje mei him ride woe en it paste daalk, wy hiene deselde streek. Fan it ien kaam it oare en wy binne op 4 july 1946 troud. Wy hawwe hast oerol wenne yn Weidum en binne úteinlik op ’e Skildyk yn in nij hûs belâne. It wie in kastieltsje, fûnen wy. Wy ha dêr 42 jier mei nocht wenne, krigen fiif bern, fjouwer famkes en ien jonge, ús Oane. Wy ha fan alles meimakke en it foel net altyd ta, mar wy ha it rêden mei elkoar. It ferieningslibben bloeide op nei de oarloch. Ik siet op de sjongferieniging ‘Troch sjongen ien’. It wie in mingd koar en ik gyng der altyd mei nocht hinne. Wy hawwe it earst yn de âld skoalle hân, ûnder lieding fan master Schilstra, hy wie ek dirigint fan it korps. Letter binne wy nei it doarpshûs ferhuze. Ek spile de tsjerke in wichtige rol yn myn libben. Wy binne dêr mei grut wurden, ús heit hat wol yn ’e tsjerkerie sitten. Ik bin yn Ysbrechtum mei oannommen.
Dan wurde jo lidmaat fan de tsjerke. Ik moast in winterskoft nei dominee te learen en mei Peaske waard ik mei oannommen. It wie in feestlik barren en ik wit it noch as de dei fan juster. Doe’t ik yn Weidum kaam te wenjen gyng ik hjir nei tsjerke ta. Wy hiene earst net in fêste dominee, letter is ds. Bosma yn Bears kommen en dy wie dan ek foar Weidum. Sa as it my foarstiet kamen der doe ek net folle minsken yn tsjerke. Op in kear wit ik noch wol, ik siet allinne yn in bank en wy moasten sjonge, it wie in gesang en dy koe ik wol! Ik koe goed sjonge en song it heechste lied. Ik leau dat ds. Verstraten preke, dy skrok wol sà en ik tocht wat soe der wêze. Hy seach myn kant út, no doe ha’k my al wat ynhâlden. Ik ha ek âlderling west, fûn it prachtich wurk, mar op it lêst wurde jo te âld en dan moat it út wêze. Wy hawwe no in leuke jonge tsjerkerie, dêr bin’k bliid mei. Yn it jier 2000 binne Sikke en ik nei in oanleunwente yn Nij Dekama ferhuze. De bern hiene har plakje fûn, wy wiene noch tegearre. It moast earst wol wenne, ik wie yn it begjin ûnwennich fan myn blommetúntsje, mar no ha’k in moai balkon, dêr kin’k wol wat blommeguod op kwyt. It is in moai appartemint en fan alle gemakken fersjoen. Ik wenje hjir no hast njoggen jier. De earste trije jier ha wy tegearre west. Sikke is yn 2003 ferstoarn, doe moast ik allinne fierder. No wenje ik al wer 5 jier allinne, mar ik ha it hjir o sa nei ’t sin en de bern komme gauris thús. Us jongste dochter Jeltsje wennet yn Weidum en dêr ha ’k hiel wat oan. Der is hjir fan alles te dwaan, eins tefolle om op te neamen. Ik sit hjir op it frouljuskoar ‘Sjongwille’ en ha der in soad nocht oan. Itensiede hoege jo ek net mear as jo it net mear dwaan kinne. ‘Tafeltje dekje’ kin alle dagen delkomme. Ek maklik is it winkeltsje fan Andrys en Pytsje dat tiisdeis en tongersdeis iepen is. Geregeld ha wy in gesellige middei, der wurdt fan alles foar ús dien. No’t ik 89 jier bin komme de krupsjes wol hear! Och, wy krimmenearje wolris wat, mar wy laitsje ek in soad. Wy ha hjir in bêst plak. Yn ’e Skille stiet yn ’e rjochterhoeke altyd in siswize. Ik knip wolris ien út dy’t ik moai fyn. Ik eindigje mei de siswize ‘De lokkichste minsken binne dejingen dy’t tinke dat te wêzen’.
Lynke de Jong