25 july 2018
Wizige op 04-06-2024, 09:31:34
Yn maaie is yn Wommels ‘de Greidhoeke-app’ lansearre. Dat is in ‘belibbings’ fytsrûte fan 42 km. dêr’t je op bepaalde ’belibbingspunten’ (11) fan de tocht ynfo en filmkes oer krije kinne op je smartphone.
No wat leuk, dat wol ik ris útprobearje. Earst in hiel gepruts om dy app op de tillefoan te krijen, mar it slagge dochs. Dizze Greidhoeketocht falt ûnder de app MeAr Fryslân en is te finen yn de appstore/playstore.
De batterij op 100% en tegearre mei freondin /buorfrou Elisabeth gong ik op in sneon-te-jûn op paad.
Op elk punt fan de rûte kinne je ynstappe, dus dat diene wy by de Unia State, ús earste ‘belibbingspunt’. Je rjochtsje de tillefoan op de izeren loftspegeling en der ferskynt in tekening fan it kastiel fan eartiids op it skerm. Aaahaa no snappe we it, yndied leuk, mar noch net hielendal entûsjast. Wy fytsten fierder nei de Skillaarder toer (dêr’t de grêven lizze fan de crash yn 1943 fan de RAF bemanning). It plakje sels makket altyd al yndruk mar doe ferskynde it ferhaal op de tillefoan mei in filmke derby; ja dat wie bysûnder.
Op nei de mummys yn Wiuwert. Ek moai hear, mar ik tink dat je better in pear euro betelje kinne om de mummys yn it echt te sjen. Dêrnei de tsjerke fan Boazum. Doe fregen wy ús ôf: geane we no ek noch nei Easterein en Wommels of dogge we de rest letter in kear? Myn tillefoan rekke al aardich leech dus ús lêste ‘belibbingspunt’ wie de teetún op De Dille fan Easterwierrum. Dêr krigen wy in lûdsfragmint fan in ferhaal út 1837 oer it útgraven fan de Swette te hearren. Neist de Dille is in blommepluktún. Dêr ha wy ús tiid behoarlik ferskiten. Mei in grut bosk blommen kamen we krekt foar tsjuster thús. Ûnder in genot fan in drankje, wiene wy der wol oer út: sa’n app is leuk mar hellet it net by it echte. Soms wie it dreech om it goede punt te finen om it filmke tefoarskyn te krijen.
Dochs is it sa dat jo troch de ynfo fan de Greidhoeke-app nijsgjirrich wurde en dêrtroch earder op sokke plakken nei binnen stappe. As je de rûte no besjogge, komme je ta de ûntdekking dat der folle mear punten binne dêr’t ek wol wat oer te fertellen is en dêr’t ek seker wat te ‘belibjen’ falt. Miskien is dizze app it begjin fan in projekt dat folle grutter wurde kin. We sille it sjen.
Mariska en Elisabeth