Lêste nijs en oanmeldings postcoderoosprojekt

31 jannewaris 2020

Wizige op 25-05-2020, 10:26:09

Lêste nijs en oanmeldings postcoderoosprojekt

Wat hâld it postcoderoosprojekt yn?

Doarpsenerzjy Weidum is dit jier fan doel om op it dak fan in pikestâl fan Jarig Boersma 220 sinenpanelen te lizzen. Wy jouwe 200 sertifikaten út, elk sertifikaat fertsjintwurdigt 1/200 part fan de stroom dy’t it projekt opsmyt.  
De sertifikaten binne yn it earste plak beskikber foar de ynwenners fan Weidum. Mocht der te min belangstellng foar wȇze dan kinne de ynwenners fan de postkoadegebieden om Weidum hinne ek meidwaan, mar wy tinke dat der genôch belangstelling yn Weidum is. Fandȇr de namme “Postcoderoos”.

  • Ien sertifikaat kostet € 250,- en dat jout jo it rjocht om de enerzjybelesting werom te krijen fan 1/200ste part fan de opbringst fan it projekt.
  • Dat smyt ungefear € 27,50 per sertifikaat op, wat betsjut dat jo de ynfestearring in 8,5 jier weromfertsjinje.
  • It kontrakt duorret 15 jier en oan it ein ha jo in posityf resultaat fan ungefear € 164,- per sertifikaat.

Wy rûzje dat jo útgean meie fan in opbringst fan ungefear 290 kWh per sertifikaat. Oan de hân fan it eigen stroomferbrûk kinne jo dan útrekkenje hoefolle sertifikaten jo maksimaal ôfnimme kinne.

Jo kinne der ek foar kieze om € 100,- per sertifikaat te beteljen. Dat smyt ek ungefear € 27,50 per sertifikaat op, mar dan moatte jo 15 jier € 12,50 kontribúsje (rinte en ôflossing) per sertifikaat per jier betelje oan de koöperaaasje. Dat is yn 5,5 jier weromfertsjinne, mar oan it ein hâlde jo dan wol wat minder oer; ungefear € 127,- per sertifikaat.

It is ek mooglik om mei te dwaan foar € 0,- per sertifikaat, mar dan is de kontribúsje € 22,50 per sertifikaat per jier. Hast likefolle as de opbringst, mar kin jo meidwaan sûnder earst te ynfestearjen.Oan it ein hâlde jo per sertifikaat ûngefear € 77,- per sertifikaat oer.

Der falt noch folle mear te fertellen oer hoe’t it allegearre presys sit, mar dêr is yn dit koarte bericht te min romte foar. Sjoch dêrfoar it taheakke ynformaasjedokument dat jo downloade kinne.  
Jo kinne ek in oersicht fan de opringsten en it rendemint per sertifikaat downloade. 

Op 30 jannewaris is der in ynformaasjejûn west wêr’t it ien en oar taljochte is. De presentaasjes fan dy jûn bin taheakke en kinne jo downloade.

Wolle jo meidwaan, ful dan it oanmeldformulier yn en stjoer it op nei de enerzjykooperaasje ( doarpsenerzjyweidum@gmail.com ).
 

Binne jo noch net lid fan de koöperaasje dan kinne jo tagelyk mei it oanmelden fan it ôfnimmen fan griene stroom en gas fan EnergieVanOns, de enerzjyleveransier fan de lokale koöperaasjes yn it Noarden.
Dat hat it foardiel dat jo minder wurk ha fan it weromfreegjen fan de enerzjybelesting en dat it de enerzjykoöperaasje elts jier € 75,- besteegje kin oan duorseme projekten yn Weidum. Jo kin dat oanjaan op it deelnameformulier en dan fersoagje wy it fierder foar jo.

Wolle jo mear wite nim dan kontakt op mei de koöperaasje:
doarpsenerzjyweidum@gmail.com of ien fan de bestjoersleden,
Gertjan van der Meer, Geert de Groot of Steven Duursma.

DOWNLOADS:

• Handout presintaajes enerzjykooperaasje (PDF)
• Opbrengst en rendament per certificaat (PDF)
Presentaasje Ecoop  (PDF)
Ynformaasje boekje (PDF)

 

Aanmeldingsformulier