21 oktober 2012
Wizige op 10-11-2019, 17:02:38
Al trije jier nei it oprjochtsjen fan de Natuerkoöperaasje Baarderadiel, in hecht gearwurkingsferbân fan boeren dy’t oan natuerbehear dogge en Natuurmonumenten, binne der positive resultaten behelle. Tal fan greidefûgelsoarten, sa as de skries en de tsjirk, dogge it tige goed yn it behearsgebiet fan de koöperaasje. It oantal groeit; it tal briedpearen nimt ta lykas it tal piken dat fleanfluch wurdt. Fansels binne der ek noch soarchpunten. Mei de ljippen giet it yn hiel Fryslân net goed. Ferhâldingsgewiis is de delgong yn it behearsgebiet fan de Natuerkoöperaasje Baarderadiel minder as dêr buten, mar dochs giet it efterút. Der falt dus noch wol wat te dwaan. De Natuerkoöperaasje Baarderadiel is in koöperaasje fan boeren dy’t oan ien of oare foarm fan natuerbehear dogge en de feriening fan Natuurmonumenten. It wurkgebiet fan de koöperaasje falt, sa as de namme al seit, binnen de eartiidse gemeente Baarderadiel. De Natuerkoöperaaasje rjochtet him benammen op greidefûgelbehear en -ûntwikkeling en ek op lânskipsbeskerming en flora- en faunabehear. De ferskate foarmen fan natuerbehear dy’t troch boeren dien wurde binne: • Partikulier natuerbehear, wêrby’t in part fan it lân dat by de pleats heart omset wurdt nei natuergebiet • Natuerbehear op grûn fan kompensaasje foar wegenoanlis (bgl. de Heak om Ljouwert) of stedsútwreiding. Dat kin yn tal fan foarmen, fergelykber mei partikulier natuerbehear of agrarysk natuerbehear • Agrarysk natuerbehear wêrby’t de boer op bepaalde perselen fan syn lân dingen docht of just neilit (bgl. letter meane) dy’t geunstich binne foar de natuer en benammen de greidefûgels. Oerheden en benammen de provinsje hawwe foar al dy ferskate foarmen ek noch wer ferskillende fergoedingsregelingen. De Natuerkoöperaasje koördinearret dat en fersoarget it kontakt mei de provinsje, wêrtroch’t in soad papier-rompslomp by de boeren weihâlden wurde kin. Mar fansels is de praktyk; it behear en de ynrjochting fan it gebiet it belangrykste. De natuerkoöperaasje Baarderadiel koördinearret it behear en de ynrjochting (sa as it wetterpeil) om der foar te soargjen dat de ferskillende leden fan de koöperaasje har aktiviteiten op elkoar ôfstimme sa dat it behear net ferbrokkele bart, mar sa dat de totaliteit mear is as de optelsom fan it yndividuële behear. Dat slagget al goed, sjoen de resultaten, mar de Natuerkoöperaasje, en benammen syn mozaïkregisseur Fré Vellinga, wurket troch oan fierdere ferbettering. Dat fansels altyd yn oerlis mei de leden. Dat lêste is in hiele klus want der is fan alles oan ’e hân yn it gebiet. Sa is de ruilferkaveling Baarderadiel noch net alhiel klear; is it Wetterskip Fryslân dwaande mei it ynstellen fan nije peilen en it ferbetterjen fan diken en kaaien en sil der mei oerheidsjild in ynrjochtingsplan makke wurde foar de Hesenser- en Lionserpolder by Jorwert, dat de kearn is fan ús greidefûgelgebiet. Yn al dizze saken spilet de Natuerkoöperaasje Baarderadiel in rol en fertsjintwurdicht er de belangen fan de oansluten leden. Op dit stuit binne der sa’n 30 boeren lid fan de koöperaasje en de feriening Natuermonuminten en inkele saneamde boargerleden. Yn hektares útdrukt koördinearret de koöperaasje it behear oer hast 600 ha. De Hesenser- en Lionserpolder is dêrby it kearngebiet mei dêr deun omhinne in tal oare belangrike kompensaasje- en agraryske-natuerbehearsgebieten. Fierder bestiet it behearsgebiet út stikken lân yn de Wammerterpolder, de polder Swaanswert, lân by Klaaiterp en tusken Baard en Winsum. Ek it lân om de âlde iisbaan fan Weidum hinne, by it spoar, docht mei. Al mei al giet der ek nochal wat jild yn om. Troch de yngewikkelde regeljouwing is dat net krekt oan te jaan mar de skatting is dat der oan ynrjochting en ôfwurdearring fan grûn in lytse 4 miljoen ynvestearre is en der jierliks om en de by 250.000 euro oan behearsjild útkeard wurdt. Dus ek ekonomysk is dizze ûntwikkeling nei natuerbehear fan betsjutting. De Natuerkoöperaasje Baarderadiel sit noch folop yn de ûntwikkelingsfaze. Dat jout in soad wurk foar it bestjoer en de leden, mar ek de mooglikheden om de natuer en it lânskip te stypjen en om boeren in stikje ferbreding fan har bedriuwsfiering te bieden en harren dêrmei in hechtere en stabilere ekonomyske basis te jaan. It tal leden groeit noch hieltyd. Ek bestiet de mooglikheid om boargerlid fan de koöperaasje te wurden en sa ynfloed te hawwen op de ûntwikkeling fan natuer en lânskip yn jo wenomjouwing. Liket jo dat wat, nim dan kontakt op mei de siktaris fan de Natuerkoöperaasje Baarderadiel: Johannes Wassenaar Dekamawei 20 8834XB Baard Til: 06 30947676 Mail: info@nkbaarderadiel.nl Webstee: www.nkbaarderadiel.nl