Nijs fan It Nut, maitiid 2022

23 april 2022

Wizige op 25-04-2022, 09:28:17

Nijs fan It Nut, maitiid 2022

Ha we krekt in ‘soart fan’ Coronacrisis oerlibbe, stiet de folgjende ramp op wrâldnivo foar de doar. Wat der yn Oekraïne bart giet elk begrip te boppen en it kin fansels bêst sa wêze dat we dêr as doarp ek mei te krijen ha sille as der flechtlingen dizze kant útkomme. Ik hoopje dat we dan sa ienriedich binne as Weidum oars ek graach sjen lit. We wachtsje it ôf en miskien binne der al minsken dy’t sels konkrete plannen ha om te helpen!

Dat de dreechste coronamaatregels oan kant wiene die wol bliken op de jiergearkomste fan IT NUT op tongersdei 3 maart yn it Doarpshûs. In geweldige opkomst: 56 minsken. It wie net alhiel dúdlik oft it de befrijing fan de maatregels wiene, it ynteressante programma of de obligate ‘gevulde koek’ fan Franci, dat de oarsaak wie fan sa’n opkomst, mar it wie wol hiel fijn dat der safolle minsken wiene. De jiergearkomste lokke ek lokale gemeentepolitisi nei Weidum.  Leuk dat der belangstelling is foar ús beslommeringen. Mar ris sjen as dy belangstelling der noch is as der gjin ferkiezings foar de doar steane. 

Op de jiergearkomste binne in tal ynteressante tema’s passearre. Nijbou yn Weidum is net langer ûnmooglik, mar dat moatte we dan wol hast hielendal sels regelje. IT NUT wol minsken dy’t bouwe wolle byinoar bringe om de krachten te bondeljen. As jim belangstelling hawwe, meld jim dan by IT NUT.

De yngong fan it doarp fan de Mantgumer kant ôf (yntree súd) krijt mear foarm en der binne ideeën foar it oanpakken fan de Jeu de Boulesbaan oan de noardkant fan Nij Dekama. Beslissingen binne hjir noch net oer makke.

Kabelnoord is foarich jier rûnom oan it graven west mar foar Weidum, útsein it bûtengebiet, wie der gjin mooglikheid om oan te sluten op dit glêsfezelnetwurk. Deltafiber wol no glêsfezel oanlizze dêr’t alle huzen fan Weidum op oansluten wurde kinne ûnder betingst dat 20% fan de ynwenners ‘ja’seit tsjin de oanlis fan dit netwurk en foar 27 april in abonnemint ôfslút by ien fan de fiif netwurkproviders dy’t op it listje fan Deltafiber steane. Op it stuit hat de ynformaasjejûn fan 7 april yn it Doarpshûs plakfûn en yn ’e rin fan dizze moanne sil it dúdlik wurde oft it wol of net troch giet.

Nei fiif jier trouwe tsjinst hat Tialde mei spyt yn it hert it bestjoer fan IT NUT ferlitten want, nei eigen wurden, se hat in prachttiid hân mar it is no tiid om har jûnen yn te foljen mei oare taken. As betûft lange ôfstânrinner bestie it ôfskiedskado út in tobke mei ark foar de fuotten:  brûstabletten en kuiersokken, in termosfleske en wyn. Tige tank foar al dyn wurk Tialda en ek foar de gesellige fergaderingen fansels. As nij lid fan it bestjoer is beneamd Piet Siderius. Tige wolkom Piet! Bliid datst by it bestjoer komst.

It doarpsbudzjet stiet fansels wer iepen foar gadingmakkers, dus wa’t in goed idee hat dat foar jim buert of it hiele doarp leuk wêze kin, mei in foarstel ynstjoere.

Noflike peaskedagen fan it bestjoer,
Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton