24 oktober 2024
Wizige op 24-10-2024, 14:37:51
Hjerstedysje
De simmer is foarby, elts is wer oan it wurk, nei skoalle of op in oare wize drok mei fan alles. Ek it bestjoer fan It Nut hat al wer by mekoar west. Op de planning foar de kommende perioade stiet de útwurking fan de ‘Doarpsfyzje’.
Dit is in beliedsstik wêryn’t we as bewenners oanjaan kinne wat we ferbetterje- of feroarje wolle oan ús doarp. It binne faak saken dy’t oer in langere perioade rinne. It is gjin winskelist mar in realistyske blik op de takomst fan it doarp. De gemeente hat dêr al in stik foar skreaun. Dat giet oer de fyzje op it wenjen yn ús gemeente.
De webside fan Weidum (Weidum.eu) wurdt better besocht no’t der mear ynformaasje te finen is en der troch ferienings mear gebrûk fan makke wurdt. We hoopje fansels dat troch de ynspannings fan de websidekommisje mear minsken sa no en dan even op Weidum.eu sjen sille.
De bankjes yn it doarp wurde oanpakt. It Nut pakt sels noch trije bankjes oan. Oaren wurde troch de gemeente fernijd. Dat sille de standert betonnen bankjes mei keunststof planken wêze. We kinne ús dan dus wer noflik deljaan op de ferskillende plakken yn Weidum.
Der is noch romte yn it Doarpebudzjet om oanfragen te dwaan. Wa’t wat leuks foar de buert of foar it hiele doarp betinke kin wurdt fan herte útnûge om in fersyk yn te tsjinjen by It Nut!!!
Ynformaasje oer de Doarpskeamer yn Mantgum kin fûn wurde op Weidum.eu.
It bestjoer fan It Nut winsket alle ynwenners wer in noflike tiid ta mei de start fan alle aktiviteiten yn it Doarpshûs of oare drokte. Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton