Nijs fan It Nut, winter 2019

Wizige op 29-12-2019, 16:32:57

Nijs fan It Nut, winter 2019

It's the most wonderfull time of the year!
Andy Williams song der yn 1963 al oer. De koarte dagen en lange nachten, de krystbeam yn ’e hûs en de lampkes en de kearskes oan. In hearlike tiid om thús tewêzen. Mar der is ek wer genôch te dwaan dizze dagen, sa blykt wol út de ‘Weidumer aginda’ dy’t elts dit neijier wer op de doarmatte fûn hat. Krystmiel, krystbal, krystballeballeke, âldjier útsitte, nijjierskuier; wat is it dochs moai dat der altyd sa folle organisearre wurdt yn ús doarp.

De klokken se sjonge wer!
It wie in prachtige jûn, de tsjerke yn it ljocht, Nynke dy’t har moaie liet Seis oere thús noch ris sjongt, diskear spesjaal foar Weidum dat manmachtich útrûn wie.
Dochs wie der de oare deis in gefoel fan weemoed; lykas sa faak nimt ek no en hjir de technyk it fan it ambacht oer. Hûnderten jierren fan leafdefol ambachtlik fakmanskip moat wike foar automatisearring. Soe dat it wêze? De leafde dy’t no ûntbrekt? Makket dat it lûd fan it tiidlieden (8:00 12:00 18:00 oere) minder moai as eartiids?

Marko, de monteur fan Vellema, leit it út:
Foar dit tiidlieden waard yn it ferline de grutte klok brûkt mar de hammer fan it oerwurk, dy't alle oeren en healoeren slacht, sit ek op de grutte klok. It risiko bestiet dat de liedautomaat yn wurking giet op itselde momint dat it oerwurk ek slacht. En dan giet de hiele saak stikken.
Doe't it lieden noch mei de hân dien waard wie dat gjin probleem, want dan tocht de man of frou dy't oan it tou luts der wol om. De liedautomaat docht dat net, dus as it oerwurk in bytsje foar rint dan giet it mis. Dêrom is de liedautomaat op de lytse klok setten. Mar hawar Weidum is wer by de tiid en foar de goeie oarder, it doarp hat € 4.095,- opbrocht.

Doarpebudzjet
It ôfrûne jier ha we foar it earst mei it doarpebudzjet wurke. Neffens de ôfspraak dy't we mei de ferskate ferienings makke ha, ha in oantal ferienings dit jier itselde bedrach krigen as it bedrach dat se eartiids fan de gemeente Littenseradiel krigen oan subsydzje. Foar it jier 2020 kinne dizze ferienings noch 50% fan dit bedrach oanfreegje. Dêrnei is de strukturele subsydzje ôfboud. Fansels stiet it harren frij om in oanfraach te dwaan foar in bydrage út it doarpebudzjet. Foarwearde is dan lykas by alle oare oanfragen, dat de bydrage as doel hat de leefberens yn it doarp te behâlden en te fergrutsjen. Oanfragen foar 2020 kinne yntsjinne wurde by It Nut fia pleatsliknutweidum@gmail.com. It doarpebudzjet stiet net allinnich iepen foar ferienigen, mar ek partikulieren, strjitkommisjes of in spontaan gearwurkingsferbân kinne in oanfraach yntsjinje. It Nut besjocht oft de oanfraach yn oanmerking komt foar takenning of takenning foar in diel. 

Jiergearkomste 27-02-2020
It plan foar besteging fan it doarpebudzjet wurdt op de jiergearkomste fan It Nut presintearre. Set alfêst mar op de kalinder dat dizze jiergearkomste plakhawwe sil op tongersdei 27 febrewaris 2020! Op dizze gearkomste sille we ek útlizze wêr’t it doarpebudzjet 2019 oan bestege is. Dêrneist sille we it ha oer de wize fan âld papier ynsammeljen (oer nei blauwe kontainers?) en wolle we mei jim prate oer Weidum 2028. Wêr stiet ús doarp dan? Wat wolle we graach? En wat perfoarst net? Genôch wichtige saken om mei elkoar oer te praten dus!

Let op!
Ta beslút noch efkes dit! Op dizze koarte en donkere dagen binne ynbrekkers wer mear aktyf. Wês meiïnoar wer alert. Us buertprevinsje Whats-App groep hat al 92 dielnimmers. Op nei de 100! Foar mear ynformaasje sjoch ris op www.wabp.nl. Oanmelde kin troch in mail te stjoeren nei buurtpreventieweidum@gmail.com.

Wy winskje eltsenien hiele fijne dagen ta en in sûn en lokkich nij jier!

Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heeger, Sijtse-Auke Flapper en Tialde Ploegh.