24 july 2017
Wizige op 27-11-2019, 13:23:18
It wie 14 juny, it dekôr fan BIS 2017 (fan Jan Eric Valkema) stie noch yn de steigers. Mar dêr koene de bern wol om repetearje. “Ha jonges en famkes”. Ik harke nei it fleurige lûd fan in jonge entûsjaste regisseur. “Wy dogge hjoed de twadde helte. Ek al is it waarm, der is in soad konsintraasje nedich. Dus kop derby. Takom wike is de premiêre en yn it wykein ha we technyske repetysjes. We begjinne mei de sêne oer ‘Min nijs’. Sykje jim plak mar op”.
Regisseur Romke Gabe Draaijer woe oan ’e slach. Safolle tiid wie der ek net mear om te repetearjen. Mar krij al dy 32 bern mar ris gau te plak. Dat foel noch net ta. De bern sieten noch fol fragen en foarmen in kring om Sjoerd Blom hinne, Romke syn assistint. Dy joech rêstich antwurd en doe koe it heve. Kranteman Piet Swarte en de boargemaster begûnen en fuort dêrnei ferskynde de hiele binde. It poadium stie fol doe’t se it ferske ‘Min nijs’ songen. In prachtich plaatsje mei moai oanklaaide spilers (dêr hie Wolly Prins foar soarge).
Ik hie in plakje op de waarme tribune socht by ien fan de lêste repetysjes fan BIS. Wat in ynset waard der frege fan de bern en net minder, wat setten de beide regisseurs en Joke Krist (dy’t it muzikale part foar har rekken naam) harren ek yn foar dizze ploech. It wie hurd wurkjen foar alle spilers en meiwurkers mar doe stie der ek wat. En se hiene der allegear nocht oan. De wille spatte der ôf.
“It is hiel gesellich fan ’t jier”, sei Rixt Dijkstra (út groep 8 fan It Pertoer yn Weidum). Sy die foar de twadde kear mei. Ferline jier spile se yn De geast fan Spultsjelittens en no hie se de rol fan Pippi Langkous yn dit stik. Jawis, Pippi Langkous die ek mei, lykas Suske de Rat, Hylkje en Sytske Klinkhamer, Dick Trom, Oliver Twist en Eeltsje Halbertsma! Mei tank oan Peter Siebenga dy’t it boek oer de dogeneat Pietje Bell bewurke ta in hiel nij iepenloftspul. Lit dat mar oan Peter oer. Ek de fleurige ferskes wiene fan syn hân. En sa seach it publyk wer nei in hiel nij Easterwierrumer Berne-Iepenloftspul.
It stik gie werom yn 'e tiid. Nei Rotterdam. Sa’n 100 jier lyn wie dat in suterige stêd sûnder takomst. De bern gongen net nei skoalle ta, se moasten wurkje, want bernewurk wie goedkeap. Ek op 'e drukkerij fan It Lêste Nijs waarden alle grutte minsken ûntslein en ferfongen troch bern. Piet Swarte, de nije eigner, feroare de namme yn De Swarte Krante en hy woe de bern alle dagen min nijs drukke litte, want soks ferkeapet.
Mar hûndert jier lyn wenne in sekere Pietje Bell yn Rotterdam. En dy luts him neat oan fan alle earmoed en siet fol mei grappen. Hy rjochte de Binde fan de Swarte Hân op en soarge foar in spesjale edysje fan Sneon & Snein yn De Swarte Krante doe’t Keninginne Wilhelmina op besite kaam mei har dochterke, kroanprinsesse Juliaantje. Meielkoar setten Pietje en syn binde Piet Swarte foar it each fan 'e Keninginne op syn nûmer. Dêrnei leaude Rotterdam wer in bytsje mear yn 'e takomst.
Mei tank oan de binde.
Doe’t Aaltsje, Rixt en ik nei doarpshûs De Tysker rûnen om efkes meielkoar te praten hold Wolly Prins Rixt oan. “Hiest problemen mei dyn skuon?”, frege se. “Se binne wat te grut”, andere Rixt. “O, dan stopje ik der wol wat yn. Want Pippi hie altyd fan dy grutte skuon oan, dat stiet krekt sa moai”, fûn Wolly. “Ja, goed”, sei Rixt. “Dan kin ik der fêst wol op rinne”. Aaltsje van der Vegt (út groep 7 fan It Pertoer yn Weidum) hie der al jierren nei útsjoen, sa graach woe se meidwaan oan BIS. Se gong altyd al mei heit en mem, broer en sus nei de foarstellings. En se seach foar it earst efter de skermen doe’t har suske Feikje meidie (yn Asterix en Obelix).
“Ik sit yn de sjong- en dûnsploech”, sei Aaltsje. De audysjes yn jannewaris wiene spannend mar fuort dêrnei koe se oan ’e slach. As lid fan de binde liet se tegearre mei Rixt al gau har spoaren achter yn it doarp. Stikem hiene se swarte hannen op ferkearsbuorden en op de ruten fan it doarpshûs en de skoalle yn Weidum setten. “Lekker smarre mei skuonpoets”, laken de famkes. Harren klasgenoaten sille de oare deis wol frjemd opsjoen ha. Lykas de learlingen fan oare skoallen yn de Littenseradielster doarpen dêr’t harren kollega’s aktyf west hiene!
Alle jierren soarget it bestjoer fan BIS ûnder in repetysje foar in feestlike stunt. As ferrassing foar de bern. Mar diskear moasten se earst oan it wurk. Der stie in auto foar De Tysker en dy siet noch ûnder de swarte hannen. Gelokkich krigen de spilers help fan de brânwar. Efkes mei skûm spuitsje en it putsje wie fikst. Wat in wille doe’t de brânwar dêrnei de spuit op de bern sette. “Dat wie in echte skûmparty”, fertelden de famkes.
Twa kear wyks fytsten Rixt en Aaltsje de ôfrûne moannen nei Easterwierrum ta.” Dat falt bêst ta”, fûnen se. “Mar de lêste wiken moatte we faker komme”.
“Ik ha sa’n sin oan de foarstellings”, sei Aaltsje. Se wie der hielendal klear foar. De dûnskes hie se ynstudearre ûnder lieding fan Coco de Haas en Trieneke Verbeek. De ferskes steane allegear op in cd. “De cd-opnames wiene yn Reduzum by Sytse Broersma fan De Kast”, seine de famkes.
Dy cd waard ek brûkt by de foarstellings. En hy wie te keap. Dy sil yn de fakânsje, miskien ûnderweis op reis nei de ferskate fakânsje-adressen, wol wer in soad draaid wurde.
Rixt moast ek sjonge. “Ik ha in solo”, sei se. “Do kinst moai sjonge”, fûn Aaltsje.
Aaltsje wurdt meikoarten 11 jier. “Ik moat noch wat meitsje om op te traktearjen”, sei se. “Ja, en we moatte ek noch toi toi’s meitsje”, sei Rixt. Dat wie grif noch efkes stinnen foar de froulju mar se binne der fêst útkaam.
Op sneintejûn 2 july siet ik opnij op de tribune foar de allerlêste foarstelling fan Pietje Bell. En it wie prachtich. Wat ha de bern moai spile en wat siet der in humor yn de teksten. It wie in werveljende show mei fet coole ferskes en skitterjende dûnskes. Aaltsje straalde en fleach as in flinterke oer it poadium. Rixt spile de stjerren fan de himel en song in pear prachtige solo’s. En no aanst noch mar op skoalreiske (kamp), froulju. Mei Sytske en Hylkje Klinkhamer nei it Kameleondoarp. Alwer wat om nei út te sjen!
Janny Bottema.