D’UM

Ut it libben fan Anna Koopmans

28 febrewaris 2025

Wizige op 28-02-2025, 14:08:26

Ut it libben fan Anna Koopmans

(Ut de Rûnkranter fan april 2016. Anna Koopmans is ferstoarn yn maaie 2024)

“It wenne hiel gesellich op ’e Buorren. Simmers sieten wy gauris mei oare buorlju yn de lêste sinne by Klaas en Loeske foarhûs op ‘e bank. De iene naam in stikje tsiis mei, de oare knakwoarstkes, wer in oaren in drankje. En dan kamen de ferhalen. Pier en Tetty koene sa fertelle. Oer de boerekapel, oer toaniel. Prachtich dy simmerjûnen”.

Pier en Anna Koopmans ha jierren op de Lytse Buorren wenne. Sy hiene dêr in skildersbedriuw mei in winkel. Pier moast foar syn wurk fansels rûnom hinne en dus wie de winkel foar Anna. Se ferkocht net allinne behang, ferve, kwasten ensfh. Nee, de minsken koene by har ek terjochte foar drogisterijartikels. “Eartiids hong hjir in kistke oan de muorre dêr’t de minsken út it doarp dy artikels weihelje koene. Doe’t dat ferdwûn krigen wy in erkenning en waard de winkel útwreide ta in lytse drogisterij. Mar de minsken koene ek by ús telâne foar klompen, learzens, klompsokken, Sweedske klompen, foar kadootsjes lykas de Kluitmanboeken en oar lyts guod. En it postkantoar kaam der op in stuit ek noch by”.
Weidum hie eartiids in soad lytse winkels, mar yn de tachtiger jierren wie dêr net folle mear fan oer. Dochs wie der doe noch in winkelman, in slachter, in skildersbedriuw mei winkel en in smid dy’t ek húshâldlike artikels ferkocht. Hjoeddedei binne der hielendal gjin winkels mear yn it doarp. “Mar wy kinne noch in hiele soad krije hear” seit Anna. “De grienteboer komt, de fiskboer en de tsiisboer. En yn Nij Dekama is ek noch it ien en oar te keap.”

Anna komt fan Warten. Se is berne yn desimber 1935 en wie it twadde famke yn de húshâlding fan de famylje Kooistra. Der kamen noch twa suskes en in broerke. Heit wie boer in eintsje bûten it doarp en de famkes moasten, nei’t se fan de legere skoalle kamen, thús helpe. Doe’t har âldste suster de doar út gie, wie Anna oan bar. Heit helpe op ’e pleats en melke. Ek moast se faak op har broerke passe dy’t berne wie mei it syndroom fan down. Har broer gong nei in spesjale skoalle yn Ljouwert en letter nei oare ynstellings. No’t er op leeftyd is wennet er yn Oerterp. Anna en har susters ha noch altyd de soarch foar him.

It boerewurk lei Anna net echt en doe’t se de kâns krige om der út, die se dat ek. Se krige in baan yn de keuken fan it eardere Diakonessenhûs yn Ljouwert. De itensboel fan de moarns opromje en ôfwaskje. Fierder alles klearsette foar kofje, tee en it jûnsbrochje fan de pasjinten. It waarme miel, dat middeis rûnbrocht waard, wie it wurk fan it haad fan de keuken. De ferpleechsters ferdielden it iten fierder ûnder de pasjinten. “Ik hie it bêst nei’t sin yn it sikehûs. Ik mocht ek meihelpe by de pasjinten, mar in oplieding foar ferpleechster folgje hie’k gjin sin oan. It ekstra omtinken foar de minsken, dêr’t de ferpleechsters gjin tiid foar hiene, die ik graach. Lytse putsjes dwaan, in praatsje meitsje, hierwaskje...”

Thús wie Anna aktyf by Sparta, de kuorbalferiening. As se net thús spilen gongen se foar de wedstriden meielkoar op ’e fyts nei plakken as Wiuwert, Mantgum, Himpens ensfh. “Ien kear, doe’t we nei Wiuwert moasten, binne wy earder fuortgien. Koene we earst noch moai efkes by de mummy’s sjen!”
Doe’t Anna noch by de aspiranten spile, binne se in kear kampioen fan Fryslân wurden.
“As beleanning mochten we doe nei Den Haach foar in toernoai op sneon en de oare deis ha we in wedstriid Nederlân-België sjoen. Nachts sliepten we by in gastgesin. Oft ik postelein wol lekker fûn, fregen se dêr. Ik ha sein fan ja, mar ik hie it noch noait earder hân.” Troch dy sport makke se ek freonen bûten Warten. Sa trof se bygelyks Betty Oosterbos fan Mantgum en ek Pier Koopmans fan Weidum.
“Yn de fakânsje gong ik wol mei freondinnen nei Skylge. Wy hierden dêr dan in hûs en de eigners wennen salang yn it hinnehok. Ik bin dêr in kear sa ferbaarnd, dat ik net wer nei it strân koe. It bloeske bleau de fierdere fakânsje oan en wy pasten dan gauris op de bern fan dy minsken. Wy namen se mei as wy út fytsen giene.”

Op de dûnsflier yn Wergea trof se Pier wer en doe sloech de flam oer. Yn 1959 binne se troud. Se kamen earst tydlik te wenjen oan de Hegedyk (njonken it hûs fan de famylje Flapper). Dêr is soan Pier jr. yn 1961 berne. Pier naam it bedriuw fan syn heit oer en nei in pear jier ferfearen Pier en Anna nei de Lytse Buorren. Se wennen earst in skoftke by Pier syn âlders yn mar doe’t it hûs oan de ‘nije’ Hanialeane klear wie ferhuzen (skoan)heit en –mem nei dat plakje. It hûs oan de Buorren waard ferboud, der kaam romte boppe en yn 1968 kaam de winkel derby. Wylst wie de húshâlding yn 1964 noch útwreide mei in dochter, Sjoukje. “It moast earst wol wenne oan ’e Buorren. Op de Hegedyk seach ik elk lânskommen en dêr wie it stil. Mar dat bettere gau oer en troch alle wurk yn de húshâlding en de winkel wie der drokte genôch. It wie gesellich op ’e Buorren. Wat ha wy ris in wille hân doe’t mei de merke de hiele Buorren in kear omtsjoend wie yn de Amsterdamske Wallen. De minsken seagen har de eagen út.”

Pier wie njonken syn wurk tige aktyf yn it doarp. Hy siet by de toanielclub en de boerekapel, die mei oan it Iepenloftspul yn Jorwert en hy mocht ek graach keatse. Meidwaan oan de kompetysje yn de earste klasse. Ien kear hat er de ‘bond’ wûn mei dokter Haima en Durk Talsma. Der steane noch altyd prizen by Anna yn ‘e hûs út dy tiid. “Ik koe net keatse, mar dat ha ik yn Weidum wol leard. Ik gong mei nei de wedstriden, mar it measte stuts ik op troch sels mei te dwaan. It is no better útelkoar te hâlden mar doe’t ik foar it earst by de Bangmapartij seach koe ik der gjin tou oan fêstknoopje. Wa hearde no by wa? Lokkich spylje de keatsers no yn harren eigen kleur shirt. Dat skeelt in hiel ein.”
Anna keatste sels mei op it fjid foar hûs. En se folleybalde ek. “Hiel gesellich, wie dat. Wy diene mei oan in doarpekompetysje. Dy waard faak ôfsletten mei in slotjûn.
Yn de santiger jierren hiene wy in trimgroepke yn it doarp. Under lieding fan Sus Wassenaar draafden en treenden we foar de 10 km. lange Rekreanaloop yn Ljouwert. Nei al dy ynspannings slagge it my om sûnder in soad muoite de finish te heljen.”
Anna sleat har ek oan by de Plattelânsfroulju hjir, by de ôfdieling Baarderadiel. “Mei Aukje Kingma ha ik in skoft yn it bestjoer sitten. Us byienkomsten wiene faak middeis. Dan moast ik altyd oppas ha foar de bern en de winkel. Pier regele it soms sa dat hy dy middeis thús de administraasje die.
Wy hiene yn dy tiid in soad skilderwurk fia de oannimmer fan Reduzum mar mei in stik as fjouwer feinten, gong dat wurk ek wol troch.

Pier en Anna hiene in protte nocht oan it hurdriden op redens. Se gongen nei wedstriden yn Thialf en nei it IJsselstadion yn Deventer. “Doe’t Pier in kear in bedrach wûn hie mei in  lotterij, ha wy ús opjûn foar in reis nei Noarwegen. Ik seach wol tsjin it fleanen op. Op it fleanfjild fan Eelde stie in masine dy’t der net sa betrouber útseach. It like wol oft der oan de bûtekant allegear nije stikken ynset wiene. En dat wie ús ferfier! Lokkich ferrûn alles bêst. Wy ha fjouwer dagen fuort west, sjoen dat Ard Schenk wrâldkampioen waard en we ha noch in tal ekskursjes makke yn Oslo en omjouwing. Bysûnder.”
Pier mocht ek graach hurdride. “Hy die mei oan koarte- en langebaanwedstriden. Op de langebaan wiene dat meast ôffalwedstriden. Sels stie ik ek graach op redens. Gjin wedstriden hear, mar tochten. Ik wie ien fan de earsten dy’t noaren hie (om’t der gjin oaren te keap wiene, wol in pear maten te grut).”

In oare grutte reis dy’t se makken wie nei Amearika, mei de bern en in freon fan Pier jr., Klaas Haima.  “Pier hie freonen dy’t emigrearre wiene. Se wennen yn de buert fan Los Angeles (Anaheim). Nei in pear dagen by dy freonen binne wy mei de bus nei Las Vegas riden. Mar dêr wie it fierstente hyt. Wy hierden in auto en gongen op reis troch Nevada en Idaho. Nei dy wike kamen wy werom by ús freonen dy’t wylst in kamperke foar ús hierd hiene. Dêr binne wy noch mei nei it Yosemitepark gien, in prachtich nasjonaal park en nei de Grand Canyon, in tige brede, djippe en lange kloof mei rotsen fan reade stien, sa moai!
Der wiene yn de kamper gjin sliepplakken genôch foar fiif minsken en dêrom krûpte Sjoukje nachts yn in tintsje. Elektrysk ljocht wie der ek net. Klaas, dy’t yn de fakânsje syn jierdei fierde, krige in kears fan ús en by dat ljocht sieten wy jûns bûten by de kamper.”
Ek reizgen se noch mei de kamper nei Sweden. Op famyljebesite by Johannes en Tetty Rypma. “Wy ha meielkoar nei de Noardkaap west en kâld dat it dêr wie (3° C)! Boppedat waaide it dat it rikke. De fouwein fan Johannes en Tetty wie dêr net op berekkene. Stuollen en oar kampearark waaiden fuort. En dat wylst freonen fan ús yn Italië lekker yn ‘e sinne leine. Mar de oare deis wie it waar gelokkich gâns better en koene wy genietsje fan de omjouwing en meimeitsje dat it nachts ek ljocht bleau.”

Pier moast op syn sechtichste ophâlde mei it skilderswurk. Syn ankels wiene fersliten, it gong net mear. It bedriuw sette er troch oant er 65 jier wie en doe wie it dien, ek mei de winkel.
“Ik hie noch wol efkes trochgean wollen”, seit Anna, “ik fûn it moai wurk. Mar Pier begûn al ridlik gau nei syn pensjonearing te sukkeljen. Hy waard hieltyd siker. Hy hie in aneurysma en krige lêst fan de galblaas. Nei hieltyd opnij wer tsjinslaggen rekke er yn 2004 samar wei, noch mar goed santich jier. Dat wie in hiele slach.”

In jier letter ferhuze Anna nei it Sânpaad (njonken de fam. Swierstra). Soan Pier, Wiepkje en de bern Yke en Pier, gongen fan it Sânpaad nei it hûs op de Lytse Buorren. Dochter Sjoukje, har man Dimitri en de bern Diamantis en Anna, wennen doe ek yn ’e buert, yn it hûs fan pake Pier oan de Hanialeane.  Letter ferfearen sy nei Ljouwert.
Der waard gauris in berop op beppe Anna dien om op te passen. De bernsbern binne no al aardich grut mar noch altyd   
komt Pier ien kear yn ‘e wike by beppe te iten.

Anna hat, wat har sûnens oanbelanget, sels ek it nedige meimakke. En no giet it bewegen en rinnen net sa bêst mear troch spierreuma. De stok is ynruile foar de rollator en sa kin se har noch aardich goed rêde. “Ik gean alle wiken nei Nij Dekama om te gymnastykjen. Dêr fiel ik my goed by.”
Alhoewol’t it bûten noch hieltyd aardich fris is, makket de sinne it lekker waarm yn ’e keamer. Dy kin wer folop troch de finsters skine no’t de beammen yn ‘e strjitte sa’n flinke snoeibeurt hân ha. De fûgeltsjes komme al wer wat yn aksje. “Lêsten seach ik sels in iisfûgeltsje by Fokke en Tineke (Laverman) út ‘e tún kommen. Sa falt der ticht by hûs ek noch genôch te genietsjen.”
Janny Bottema