Weryndieling Littenseradiel?

Weryndieling Littenseradiel?

Op 7 maart is der in byienkomst oer weryndieling yn it Doarpshûs fan Weidum. De Weidumers kinne dêr oanjaan wêr't harren foarkar nei útgiet: nei Ljouwert, nei Súdwest of binne der miskien noch oare mooglikheden? Hjirûnder in pear fyzjes oer wol of net in weryndieling fan Littenseradiel. Weryndielingssirkus Sinterklaas smyt ridendewei op syn hynder op it dak kadootsjes troch de skoarstien dy't spic en span oankomme yn de skoech. Prachtich, machtich, bjusterbaarlik. Om as bern dêryn te leauwen, sjoch ik jo glimkjend tinken. Hielendal fout. Wy folwoeksenen hawwe noch altyd in willich ear foar mearkes. Reklame, managertaal, tunnelfyzje, folksferlakkerij ensfh., binne no de tsjoenders foar ús. Dêr binne piltsjes foar: Kreatief tinke, fierder sjen as je noas lang is, je gjin appels foar sitroenen ferkeapje litte, meiïnoar ien wêze ensfh. Foar de útwreidingsplannen fan Ljouwert is dat te let. Dêr’t in protte lju foar de tunnelfyzje warskôge hawwe, is útkommen. Bullepolder, Súdlannen, de Heak, weismiten jild! It seit wat fan de arrogânsje en betrouberens fan de stêd foar it plattelân oer. Wetterskip, sûnenssoarch, ûnderwiis, Súdwest Fryslân en oare fúzjegekte jouwe ek oan hoe 't je jild fergrieme mei Kening Manager oan ’e macht. Dy djoere, faak net belutsen keningen, hawwe der foar trochleard harren sels ûnmisber te meitsjen. Grut, grutter, grutst. Der moat oant yn lingte fan dagen jild by, hat wittenskiplik ûndersyk útwiisd. It soe deasûnde wêze as in lytse, belutsen, goedkeape, Fryske en feilige gemeente lykas Littenseradiel ek yn dy fûke swimt. En feitlik kin men de boargemaster net in grutter geskink jaan troch tsjin te stimmen, as je op har entûsjaste omearming fan it griene alternatyf mei Boalsert, Wûnseradiel en parten fan Boarnsterhim ôfgean meie. Utsprutsen troch Easterein. In goed trochtochte, op duorsume enerzjy libjende doarpsmienskip (sj. Reduzum e.o.), wat automatysk oare inisjativen útlokket, soe aardich wat besparringen opsmite kinne. Bêste Weidumers, jimme kinne mei jim tsjinstim yn maart, of op foarhân lykas yn Boazum, in foarbyld wêze foar noch folgjende doarpen. En dêrmei de gemeenterie, dy't pas yn juny in beslissing nimt, twinge in oar paad yn te slaan of te ûndersykjen as it kolleezje. Stim FOARÚT, stim TSJIN! Lykas Jorwert, Baaium, Easterein, Jellum/Bears (sawat), Baard (sawat) en Boazum (op foarhân). Jochum Rypma, Bears Waarom herindelen? In 23 dorpsbijeenkomsten over de herindeling laat de gemeente Littenseradiel weer zien dat zij de burgers in deze gemeente serieus neemt en lijnen tussen bestuurders en burgers kort zijn. Dat is een van de kenmerken van deze mooie gemeente. Maar het college legt wel erg de nadruk op het feit dat de gemeente in de toekomst geen bestaansrecht heeft. De argumenten daarbij zijn vooral van organisatorische aard. Natuurlijk staat de wereld niet stil en vragen nieuwe complexe vraagstukken en wetten om andere kwaliteiten van het gemeenteapparaat. Maar is opsplitsen en grootschaligheid daarvoor het enige antwoord en zijn samenvoegen met Zuid West en Leeuwarden de enige varianten? Zelfstandig blijven kan nog steeds. Zelfs de optie met Bolsward en Wûnseradiel wordt weer genoemd. De gemeenteraad heeft het laatste woord! De Universiteit van Amsterdam prijst in het onderzoek van Frans Thissen (2012) naar de functie van dorpshuizen de leefbaarheid en de saamhorigheid in onze gemeente en benadrukt de waarde van de eigen identiteit. De veiligheid in Littenseradiel is niet alleen uit te drukken in weinig inbraken maar vooral in het elkaar kennen als bestuurders en bewoners op moeilijke momenten. De brand in Bozum is daar een voorbeeld van. Littenseradiel, in oppervlakte een grote gemeente met een klein bevolkingsaantal, is met 29 dorpen een unieke plattelandsgemeente waarin de Friese taal en het weidelandschap met z’n terpen iconen zijn van de Friese cultuur. In Leeuwarden is de Friese taal geen vanzelfsprekendheid meer. In onderwijs, zorg en bankwezen is de veelgeprezen grootschaligheid duidelijk op z’n retour. Demotivatie, anonimiteit, kostenverhoging, misbruik en onduidelijke verantwoordelijkheden zijn daar de oorzaak van. De kleine gemeente Ten Boer blijft bestuurlijk zelfstandig en organiseert ambtelijke samenwerking met de stad Groningen bij lastige onderwerpen. Dat is lef hebben. Daarmee blijft de relatie met de bevolking in stand en blijven burgers en bestuurders zich met elkaar verantwoordelijk voelen voor de eigen leefomgeving. Leeuwarden wil niet samenwerken maar fuseren. Is dat een betrouwbare buurman? Bovendien heeft Leeuwarden nogal wat missers. Denk aan Blitsaerd, een museum waarvan de exploitatie niet rond is, een kostbare rondweg tegen de krimp in, etc. Als inwoners van de grootste stad van Friesland hebben de weinige bewoners van Jellum, Bears en Weidum veel minder zeggingskracht over wat er rond de zuid-westgrens gebeurt, dan wanneer we deel uitmaken van een zelfstandige gemeente. Bestuurlijk jezelf blijven als kleine gemeente en ambtelijke deskundigheid grootschalig organiseren is het alternatief voor opheffen. Dat vraagt lef en deze gemeente is dat waard. De raad heeft deze zomer het laatste woord over opheffen of niet. “Nee” stemmen tegen de herindeling kan nog steeds. Er zijn betere varianten. Als in Littenseradiel burgers serieus genomen worden, is een tegenstem niet een verloren stem. Piet van Putten. Bears.

« werom